Russen stjoere sonde nei Mars
Resint ferskynd
LJOUWERT – It Russyske agintskip Roscosmos sil 9 novimber in raket yn it hielal sjitte. Doel fan de Phobos-Grunt-missy is de planeet Mars en syn lytse moanne Phobos. It is de earste Russyske missy nei Mars yn fyftjin jier.
Nei alve moanne tiid sil de Russyske romtesonde by de Marsmoanne wêze, wêrnei’t er mooglik noch in pear moanne sykje sil om in gaadlik lâningsplak. Neffens de plenning is de romtesonde yn augustus 2014 wer op ierde mei 200 gram grûnmateriaal fan Phobos. Mei de Phobos-Grunt sil noch in lytse Sineeske romtesonde mei: de Yinghuo-1. De Sinezen wolle ûndersyk dwaan nei it oerflak en de atmosfear fan de reade planeet.
25 novimber sil der noch in romtesonde nei Mars ta stjoerd wurde: it Amerikaanske Mars Science Laboratory. Dat sil yn augustus 2012 de nije mobile ûndersyksrobot Curiosity op Mars sette.
IT bysûndere is dat d’r materiaal werom komt.
En de chinesen een ‘piggy-bag’ ritje meitsje nei mars.
De russen ha een hiel grutte sonde makke die die kant op gjit.