Oplossings foar de fiedingskrisis

oktober 31, 2011 00:16 Fernijd

Troch Pieter den Hollander

Fraach en oanbod

Yn in rige artikels ha ik op syk west nei oplossings foar de fiedingsproblemen, sûnder dêrby alhiel folslein wêze te kinnen. Hjoed wurdt de sânmiljardste minske op ‘e wrâld brocht mar neist it waaksen fan de wrâldbefolking spilet benammen de tanimmende wolfeart en dêrmei de gruttere fraach nei fleis en suvel in rol. Sûnder no fuortendaliks ta fegetarisme te ferfallen, kin men wol stelle dat fleis in grut beslach leit op agraryske grûnstoffen, dy’t dêrmei ûntlutsen wurde oan direkte konsumpsje. Yn alle gefallen sille we ôfweve moatte mei it brûken fan agraryske produkten, lykas stynske weet en sûker, yn de yndustry, bygelyks by de etanolproduksje. Neist it beynfloedzjen fan de fraach sille we it benammen ek yn it oanbod sykje moatte. It befoarderjen fan ekologyske lânbou hat noch net folle fertuten dien. Ik sjoch dêrom mear yn biotechnologyske ûntjouwings. Hoewol’t genetyske manipulaasje by in protte minsken op in minne namme leit, soe dy in ûnbidige fergrutting fan de weet-, mais-, rys en tapiokaproduksje bewurkmasterje: op itselde areaal moatte de rispingen fermannichfâldigje kinne. Ik pleitsje dêrom foar in wrâldwide tapassing fan genetysk oanpaste agraryske produkten. Dêrneist sil it opheinen en fêsthâlden fan reinwetter o sa fertuten dwaan. De fiedingskrapte is in tige kompleks fraachstik mar as wy warber bliuwe mei it ynsetten fan alle niisneamde middels, dêr’t ik hjirûnder noch in pear oan taheakje, koe it allegearre noch wol ris oars beteare, as wat op it heden freesd wurdt.

Genetysk manipulearre tomaten. Neffens Pieter den Hollander sil genetyske technology in wichtige rol spylje moatte by it oanpakken fan de fiedingskrapte.

Ynternasjonaal stipeplan foar Afrika

De fiedingskrapte is op it heden it slimst yn Afrika, dêr’t grutte kloften ûnder it besteansminimum húsmanje. It kontinint wurdt al tiden teheistere troch lân- en stammekrigen dy’t de ûntjouwing fan de ekonomy beheine. Fangefolgen reitsje Afrikaanske steaten hieltyd fierder yn de nederklits, wylst it wrâlddiel sa ryk is oan grûnstoffen. Winliken soe der in foech Marshallplan nedich wêze, dêr’t Europa nei de Twadde Wrâldkriich wer mei op gleed kommen is. Mei as betingst dat kontinintwide politike en ekonomyske gearwurking ta stân brocht wurdt, kin de lânbouproduksje dêre yngripend oantaasten wurde. Dan tink ik oan organisaasje fan boeren yn agraryske koöperaasjes, it ferheegjen fan de selsfoarsjenningsgraad, bettere lânboutechniken, rasseferbettering, yrrigaasjewurken, ensafuorthinne. Dêrneist is bertebeheining nedich om’t it grutste part fan de 2 miljard minsken, dy’t fan hjoed ôf de wrâldebefolking fan 7 op 9 miljard bringe sil, yn Afrika berne wurde sille. Dat, der is grut ferlet fan in rjochtfeardich demografysk oerheidsbelied.

Neokapitalisme

Tagelyk freget men jin ôf oft de gruttere produksje- en konsumpsjekeatlings op ‘e wrâldmerk net ta in duorsume gearwurking komme kinne soene moatte, om produksje, logistyk en konsumpsje op in mear etysk/demografysk/sosjaal ferantwurde wize te befoarderjen. Is it in spekulative tins as men tinkt oan gearwurking tusken bygelyks Unilever, Nestlé, Cargill? Troch oparbeidzjen fan de grutmachten op ‘e wrâldmerk fan agraryske grûnstoffen soe in duorsumer ferdieling fan de dêr út fuortbrochte konsumpsje-artikels bewurkmastere wurde moatte kinne. It hjoeddeistige ekonomysk kapitalisme blykt de konjunktuersykly net ferneare te kinnen; sjoch mar nei de hjoeddeistige krisis, ek al lizze de oarsaken dêrfan benammen yn de finansjele sfear. Dat, faaks moatte wy dat út nei in foech neokapitalisme: in gearstalling fan frije-merkekonomy en nasjonale en ynternasjonale oerheidsynfloed, dêr’t it mei mooglike wêze moatte kinne soe op ‘e tiid yn te gripen as yndikators der op wize dat saken ús oer de fûst driigje te rinnen. Op ‘e EU tapast, soe dat in polityk/ekonomysk/fiskale gearwurking ymplisearje. Dêrmei moat in wichtige stap te setten wêze op it mêd fan wrâldwide gearwurking dy’t fertuten dwaan sil by it regaad hâlden yn de fiedingsproblemen.

Pieter den Hollander senior, yn syn wurksume libben ûnder mear direkteur fan mingfoerprodusint Koudijs-Wouda, mei ûnder oaren in fabryk yn Snits, skreau foar It Nijs in rige artikels oer de oanboazjende fiedingskrapte yn de wrâld. Dit wie it seisde en yn it earstoan lêste. Sjoch foar de eardere bydragen de trochkeppelings hjirboppe.

oktober 31, 2011 00:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.