Nei de wolkeklauwer komt de grûnkrûper

oktober 31, 2011 06:12 Fernijd

MEKSIKO-STED – In ploech architekten út Meksiko hat in bysûnder bouwurk mei 90 ferdjippingen tekene. In piramide fan stiel dy’t ûnder de grûn boud wurde moat. Al soe de saneamde 300 meter grutte grûnkrûper boud wurde, de skyline fan Meksiko-Stêd sil der neat oars fan wurde.

Yn de Meksikaanske haadstêd is suver gjin plak mear foar nije gebouwen, en de wet ferbiedt bouwurken mei mear as acht ferdjippings. De iennichste manier om fierder te groeien yn it sintrum fan Meksiko-Stêd is ûnder de grûn.

De kosten fan it bouprojekt wurde op sa’n 800 miljoen dollar rûsd. Hoe’t it deiljocht ek yn de ûnderste lagen fan de piramide skine kin, wurdt noch ûndersocht. De architekten tinke oan in “systeem fan optyske rizels” dy’t it deiljocht fan it oerflak de djipte yn bringe moat .

oktober 31, 2011 06:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.