Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
De Fryske Akademy presintearret op freedtemiddei 11 novimber 2011 it lêste diel, diel 25, fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal (WFT). De presintaasje wurdt holden op it sympoasium ‘Alde en nije leksikografy’ yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert en begjint om 13.30 oere. It earste eksimplaar fan diel 25 wurdt oanbean oan dr. Jaap van der Bij, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Mear as 10.000 siden
It wurdboek beskriuwt it Frysk fan 1800 oant om 1975 hinne, it telt sa’n 118.000 trefwurden en is basearre op 1.200 boarnen. It folsleine WFT mei alle 25 dielen, telt mear as 10.000 siden wurdboektekst.
Ein 1938 – it jier fan oprjochting fan de Fryske Akademy – is mei it sammeljen fan wurden foar it wurdboek úteinset. Yn 1960 begûn it skriuwen. It earste diel ferskynde yn 1984 en waard oan Keninginne Beatrix oanbean. Hja lansearre foarich jier simmer ek de online ferzy (www.fryskwurdboek.nl).
Online
De online ferzy fan it WFT is te rieplachtsjen op de Geïntegreerde Taalbank fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie te Leiden. Njonken it Fryske wurdboek binne dêr ek fjouwer oare grutte wittenskiplike wurdboeken troch te sykjen: it Nederlânsk, Aldnederlânsk, Iermiddelnederlânsk en Middelnederlânsk.
Sympoasium
Op it sympoasium ‘Alde en nije leksikografy’ wurde fjouwer lêzingen holden. De earste is fan prof. dr. G. Williams: ‘One man’s gibberish is another man’s language: valuing variety’. Dêrnei folget ‘Woordenboeken? Ja, maar wat wordt de uitdaging?’, fan prof. dr. P.G.J. van Sterkenburg. Nei it skoft giet dr. H. Bartels fierder mei: ‘The German-Lower Sorbian dictionary and its role in language revitalization’. As lêste komt de einredakteur fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal oan it wurd: Piter Boersma. Hy sil it hawwe oer ‘De leksikografy fan it Frysk op ’e weagen fan de tiid’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje