Jaget Omrop Fryslân syn klanten de doar út?

oktober 20, 2011 13:22

Hjoed koppet Omrop Fryslân “Fryske Top 1000 oer de helte”. Wat bedoele se mei dy kop? Gelokkich noch mar 500? Je hearre in hiele protte fêste harkers al sizzen dat se útwykt binne nei Radio 1 of Radio 2. Eins binne wy wol nijsgjirrich hoe’t der ûnder ús lêzers oer tocht wurdt. Moat OF in Fryske radio 3 wurde?

oktober 20, 2011 13:22
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Jens oktober 20, 21:41

    Ik harkje net folle nei Omrop Fryslân. Te folle eameljen en te min leuke liedsjes. In Frysktalige pop-stjoerder derby mei net folle praten mar wol in protte musyk hie wol wat west.
    Lit my it ek mar sizze: ik fyn net dat der genôch leuke Frysktalige liedsjes binne. Wat moast dan mei in top tûzen!
    Top 100 fyn ik earlik sein al mear as genôch.

  2. Erwin2.0 oktober 21, 00:58

    Omrop Fryslân sit mei ien krupsje oantangele en dat is dat se provinsjaal binne. Fansels moat yn Fryslân it ”eigen” nijs op it foarste plak komme, mar mei allinnich Frysk nijs bliuwt it wrâldbyld wat lyts en hearre minsken al wer fluch nei oare radiostjoerders.

    En fansels, in bytsje modernere muzyk soe net ferkeard wêze. Dus gjin trauma fan Anneke Douma!

  3. Binne oktober 21, 08:45

    De measte musyk op omrop fryslân is wol goed mar se prate safolle + hollânsk nijs en reklames.. Sa frysk is omrop fryslân al net mear.

  4. Grytsje Kingma oktober 21, 12:14

    Ik harkje ek net faak nei OF, mar krij wolris fan kunde te hearren dat se in lietsje fan my heard hawwe. En dat is fansels wol aardich.
    Der is wol in hiel protte ferskaat yn de Fryske muzyk en it kin wol moai wêze om dêr ris in hieleboel fan út te stjoeren, lykas no mei dy top 1000.
    Ik tink dat Gurbe yn syn programma Froskepôle dêr ek wol hiel goed mei út ‘e fuotten kin: Streektaalmuzyk út Fryslân. Dan hast de minsken dy’t dêr graach nei harkje, faaks is dat better dan sa’n hiele wike lang allinne mar sa’n top 1000.

  5. mbc84 oktober 21, 12:45

    Nuver dat jimme it hawwe oer ‘lietsje’, ik haw it altiten oer in ‘ferske’.

  6. J'88 oktober 21, 16:44

    In lietsje is yndie neat.

    Ik fyn it wol moai, sa’n list. Misskien wie 500 better west. Allinnich oerdeis de list útstjoere, lykas der wol dien wurdt by Radio Veronica.

  7. Nynke oktober 26, 10:02

    Ik luister ook nooit naar OF, maar goed, ik zit nu ook bij de ‘concurrent’ (als je het zo kunt noemen :$;)). Misschien moet ik OF eens voorstellen om een programma te maken met alleen maar populaire muziek, dat doe ik nu tenslotte ook al (ook al luistert er niemand naar;)).

  8. Jens oktober 26, 17:36

    By wat konukurrent sitst Nynke, en soargest derfoar dat dêr Frysktalige ferskes draaid wurde?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.