It Fean wint mei twa penaltys

oktober 29, 2011 22:07

IT HEARRENFEAN – Jûn spile Sportklub It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion tsjin ADO Den Haag. De ploech út De Haach seach hoe’t syn balstopper mar leafst fjouwer kear de bal net hâlde koe. Nettsjinsteande de 1-0 yn de 43e minút fan Narsingh wie It Hearrenfean wol ridlik balfêst, mar net de sterkste partij.

It brekpunt fan de wedstryd wie in reade kaart foar Christian Supusepa fan ADO, wêrnei’t Bas Dost yn de 77e minút troch it nimmen fan in penalty de 2-0 meitsje koe. Yn de 81e minút waard Bas Dost yn it 16-metergebiet oan syn shirt lutsen, wêrnei’t er de bal foar de twadde kear op de stip lizze mocht en úteinlik de 3-0 makke. Yn de 87e minút wie it Bas Dost dy’t syn hattrick meitsje koe.

It Hearrenfean wûn syn lêste trije wedstriden en is no al tsien wedstriden lang net ferslein. It resultaat fan jûn wie net te tankjen oan it bysûnder goede spul. Foaral yn it begjin fan de twadde helte wie ADO de sterkste ploech yn it Abe Lenstra Stadion.

oktober 29, 2011 22:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.