Gedicht: Healstok de flagge
Resint ferskynd
Hingje ‘m nou healstôk de flagge:
Us sprake is yn need!
Hwant to Ljouwert, Fryslâns haadstêd,
Die men it mar tige wreed.
Yn de stêd fan greve Willem
En dy fan Marijke-Muoi
Brûkte men “Schalkhaar” metoaden,
Pelysjemannen, fuoi, o fuoi!
Nei ‘t alkoofke fan ‘e rjochtsseal,
Waard ús Fryske taal forwiisd.
Foar dit hiele greate rjochthûs,
Stie it folk nou heal fortiisd.
Foar ús frije Fryske parse,
Wie gjin rom en folop plak.
Bûten waarden party sluten,
Krych ‘t frije wurd sa syn gerak ?
‘t Fonkje dat yn Fryslân flikkert,
Dat is nou gjin fonkje mear.
‘t Is in lôge, dy’t nou flammet,
Ja, men dôvet dat gjin kear.
Elk net troch de brânblusmiddels,
Dy’t men op it Saailân hie.
‘t Fryske folk lit him net narje,
‘t Striidt, lyk as it earen die.
Frysk op skoalle, yn ‘e riedseal,
Foar de rjochter easkje wy.
Né, wy wolle nou net rêste,
Frysk, dat moat der fuortoan by.
Hwant wy sizze mei de dichter,
Fan ús liet it Heitelán:
“Wy, wy sille oer dy weitsje,
Heitelân, hjir is ús hân !”
Koudum. Joh. Hoekstra.
Kneppelfreed 16-11-1951
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje