Fryske oplossing foar antybioatikumresistinsje

oktober 21, 2011 18:31

LJOUWERT – In Fryske útfining kin in ein meitsje oan de tanimmende resitinsje fan baktearjes yn fleis. Dat makket Omrop Fryslân hjoed buorkundich.

It bedriuw Hoogrendement BV yn Tytsjerk hat in saneamd ‘probioatikum’ ûntwikkele dat de wjerstân fan fee ferheget. De bisten wurde minder fetber foar ynfeksjes en binne dêrtroch minder antybioatika nedich. De antybioatika soargje derfoar dat hieltyd mear baktearjes resistint wurde. Dy resistinte baktearjes binne ek gefaarlik foar minsken – it wurdt aloan dreger om minsken mei antybioatika fan nuodlike ynfeksjes te genêzen.

oktober 21, 2011 18:31
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Geeske Krol oktober 21, 19:49

    Dat soe in opstekker wêze
    . Sa as it oant no ta gie koe it net trochgean.

  2. Erwin2.0 oktober 21, 20:13

    Sjoch, dat binne útfiningen dy’t bydrage oan in bettere wrâld!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.