Ferslave oan ‘e subsydzjekraan

oktober 31, 2011 09:10

60 jier nei Kneppelfreed sille wy Friezen nea wer om subsydzje eamelje.

Op 16 novimber 2011 betinkt de Ried fan de Fryske Beweging 60 jier nei Kneppelfreed. De Ried betinkt net allinnich Kneppelfreed – reboelje by de rjochtsaak oer it Frysk yn it offisjele ferkear – mar ek Fedde Schurer (1898–1968), de dichter, sjoernalist en politikus, dy’t him yn dat ramt sterk makke foar it Frysk en wat dat allegear opsmiten hat.

Lit dit nei 60 jier de dei wêze dat wy Friezen ûnôfhinklik wurde fan lanlike en provinsjale oerheden. Ik pleitsje der fûl foar om nea wer de hantsjes op te hâlden om jild te freegjen.

Op 16 novimber 1951 wie der in demonstraasje by it gerjochtsgebou om ek yn ’e rjochtseal Frysk sprekke te kinnen. Yn in rjochtsaak hie de rjochter soks ferbean. De plysje yn Ljouwert hat dizze demonstraasje mei krêftige wetterstrielen en kneppels útinoar jage.

 De wearde fan taal.
Paolo Freire wie benammen yn Brazilië in strider foar it brûken fan de eigen taal. Hy wie de tinker efter de pedagogy foar ûnderdrukten. By it twingen om yn in oare taal sprekke te moatten, ûntnimme jo de minske syn wichtichste wapen. Hy seach yn syn stribjen de wei om de bewenners fan ‘e sloppewiken te emansipearjen.

Yn ’e rjochtseal moasten de Friezen mar Hollânsk prate en oars net. Dy striid hawwe wy wûn.

Subsydzjestop No meie wy oeral Frysk prate. Dêr hawwe de minsken op it Saailân de oanset ta jûn. De Friezen hawwe de oerwinning al binnen en ik beskôgje it as in oerwinning. We meie ús no yn it Frysk lilk meitsje, nei de fêststelling dat it Frysk de twadde lânstaal is, oer it feit dat de lanlike oerheid net folle mear docht foar it Frysk.

Men woe eins sizze, ‘wêr bliuwt ús subsydzje’? Subsydzje hat it doel om in emansipaasje op gong te bringen. As dat no noch net slagge is, dan hawwe wy it net goed oanpakt. Pyt (oant moarn) Paulusma, de Fryslân Bank (wolle is kinne) en oare tafallich gebrûk fan de Fryske taal dogge mear fertuten as de subsidiearre aktiviteiten. De provinsje hat lykwols noch hûnderttûzen euro foar it taalbelied op syn begrutting stean. Guon minsken wurde betelle om hiele dagen mei it Frysk en lyksoartige aktiviteiten dwaande te wêzen.
Ik bin fan betinken dat we dêrmei ôfhinklik bliuwe fan de provinsjale en de lanlike polityk. It kostet minsken harren baan as de subsydzje einiget. It moat net mâler wurde.

No, 60 jier nei Kneppelfreed, pleitsje ik der fûl foar om nea wer de hantsjes op te hâlden. Ik smyt hjirmei in kneppel yn it subsidiearre hinnehok. Wy binne no dochs wol safier emansipearre dat wy foar en nei de kofje nea wer oer subsydzje eamelje!

Harry Bouwhuis.

oktober 31, 2011 09:10
Skriuw in reaksje

20 opmerkingen

  1. Jaap oktober 31, 11:45

    Wa is de “ik” fan dizze kollum?

  2. Cornelis van der Wal oktober 31, 15:44

    Ja dat hie oars wol moai west, dat de namme der by stie. Net sa heldhaftich, no. By de feeds fûn ik lykwols it folgjende:

    Ferslave oan e’ subsydzjekraan
    van It Nijs door Harry
    60 jier nei Kneppelfreed […]

    It sil dus Harry Bouwhuis wêze, dy’t dizze PVV-praatsjes de wrâld ynbringt.

    It hier al blondearre Harry?

  3. Bouwhús oktober 31, 17:25

    de reaksje Fan Van der Wal is fan nivo.!

  4. mbc84 oktober 31, 17:52

    earne hat Harry wol gelyk, Frysk soe fanselssprekkend wêze moatte. Wêr’t taal oan bod komt, moat fuortendaliks twatalich tocht wurde (yn Fryslân). Dit is lykwols hast nea it gefal, en dêrom is it Frysk subsydzje nedich, oars wurdt it net brûkt en wurdt it folslein fergetten. Kinst wol wolle Harry, gjin subsydzje, mar dan kinne wy likegoed fuortendaliks ophâlde. De provinsje/lanlike oerheid soe it subsydzjejild net stekke moatte yn loftige saken, mar foar it serieus yn praktyk bringen fan it Frysk, it in folweardich plak jaan yn ‘e maatskippij fan Fryslân..

  5. Nanne oktober 31, 23:03

    Behalve dat it skrassen fan it kromke subsydzje foar it Frysk gjin sprút fertuten docht foar it oplossen fan de swierrichheden mei de steatsfinânsjes, ferjit Bouwhús yn syn ferhaal hjirre (dat ik trouwens okkerdeis ek al yn de Ljouwerter Krante lies; hy is der mar wakker drok mei) dat mei suver al it jild dat de Nederlânske oerheid útjout tagelyk de Nederlânske taal stipe wurdt. Benammen de knoarren jild dy’t nei bygelyks Nederlânsktalige televyzjestjoerders en it Nederlânsktalige ûnderwiis gean, soargje derfoar dat wy ûnder dy taal bedobbe wurde. As wie it in tsûnamy, yn de wurden fan Kerst Huisman: sjoch syn reaksje ûnder https://www.itnijs.frl/2011/10/us-hollanners-binne-gjin-besetters-mear/. As ús bewâld dêr no earst ris lykwichtich mei omgean soe, dan kinne we it dêrnei faaks ris ha oer it werom jaan fan dy grypstehealstoer foar it Frysk. Alhoewol ik dan ek noch in ferlanglistje mei ûnderwerpen haw dêr’t neffens my minder jild oan fergriemd wurde kin. Wat hat bygelyks dat wâld oan 130-buorden by elke ynfoechstripe op ‘e A6 wol net koste? Ik ha net folle fan protesten fernommen. Mar och heden, as it om Frysktalige plaknammebuordsjes te rêden is; dan wurdt altyd daliks âle oer begrutlik jild.

  6. Harry Bouwhuis novimber 1, 06:03

    achte skriuwers, it giet my derom dat ik net ôfhinkelik wêze wol fan in Oerheid. Ha de Friezen sels noch kloaten of moat de fryske taal by wize fan sprekken mei keunstmjittige ynseminaasje oerein bliuwe.

    Ik skrik fan de toan fan ‘e reakjes dy ‘t hjir sa hjir en der sa agressyf is.

  7. Nanne novimber 1, 10:14

    As ik de reaksjes noch ris oereagje, binne dy neffens my net agressyf, Bouhús. Der is wol foarse ynhâldlike krityk op jo sizzen, mar dat is wat oars. Jo komme yn jo stikje sels ek net botte mijen út ‘e hoeke. En wa’t keatst, kin de bal ferwachtsje. Lykas ik yn myn reaksje besocht ha dúdlik te meitsjen, hat ‘it probleem’ fan de subsydzje dat jo op it aljemint bringe neat om ‘e hakken. It giet ommers yn ferhâlding mar om in pear luzige sinten. It muoit my dat ik it sizze moat, mar jo foarstelling fan saken, dy’t jo yn jo foarrige reaksje nochris gearfetsje, roait igge noch seame: as it fuortbestean fan it Frysk ôfhinklik west hie fan de oerheid, wie it al lang útstoarn en allinnich noch opset yn it museum te besjen. As jo it Frysk sjen wolle as pasjint oan in ynfús, dan besykje de ‘dokters’ wakker him tagelyk de harsens yn te slaan. Dêr’t ik sa’n wurd om sis. De oerheid soe, as dy ús taal serieus nimt, dêr ek jild yn stekke moatte. Alles kostet ommers jild, dat wêrom moat dit dan ynienen fergees? Dat wy it fierders benammen allegearre sels dwaan sille moatte, stim ik jo mei, Bouhús. Mar dat wisten we al.

  8. Harry novimber 1, 12:12

    Nanne, de oerheid kin der jild yn stekke, mar it hâld in kear op. Ik ferwachtsje dat op langere termyn it frysk ferdwynt., In hiele mooie taal giet ûnder as de sinne. Der komme safolle nije wurden mei nammen Ingelske wurden. Miskien moate wy nei dat de Chinezen de febryken opkeapje, chines leare. It is net oars. De taal feroaret troch ekonomy..
    Jo moatte e-mailen net veroarje wolle yn emealje. Der krije jo mot mei.

  9. Nanne novimber 1, 13:31

    No kin ik jo net mear neikomme, Harry. Ik hie begrepen dat jo sûnder stipe fan de oerheid foar it Frysk opkomme wolle. Dy ûnderstelde ûnôfhinklike striidbere hâlding fan ‘wy rêde it sels wol op’ fûn ik oars no krekt noch wol in tige posityf aspekt oan jo ferhaal. Mar no litte jo de moedfearren ynienen hingje en moatte wy Sjineesk leare? No, it liket my dat wy der net folle wizer fan wurde as wy ússels eltse fearnsieu harsenspiele mei de taal fan de nijste ekonomyske grutmacht. Fansels is it wichtich der wat talen by te learen, mar litte wy fierders mar moai ússels bliuwe.

  10. Jens novimber 1, 13:34

    Soe Harry konkreet oanjaan kinne hokfoar subsydzjes hy konkreet ôfskaffe wolle soe?
    Want wy ha noch wol in pear ynstituten dy’t needsaaklik binne foar it Frysk, en dy’t je dus samar net skrasse kinne.

  11. Harry novimber 1, 17:12

    Jena, jo skriuwe >> Want wy ha noch wol in pear ynstituten dy’t needsaaklik binne foar it Frysk, en dy’t je dus samar net skrasse kinne. <<
    No skriue ik hjir in hiel betoog dat de de friezen ophâlde moatte de hân op te hâlden om troch de oerhied om an iy geeamel ôf te wêzen mar wer in jier subsydzje klear lizzen ha. No freegje jo my as …
    Nimmen hâld mear de hân op. It kin samar wêze dat men deroan ferslave is .

  12. Jens novimber 1, 18:46

    no ja goed, jo hawwe in oare miening as it grutstepart fan de reagearders hjirre – dat kin, wy binne allegear foar in Frij Fryslân 😉

  13. Johannes novimber 7, 23:20

    It soe goed wêze dat alle oerheden yn Fryslân yn’t Frysk skruiwe soenen.
    Dat alle petearen by de oerheden yn’t frysk geane.
    Alle bedruiwen yn Fryslân it Frysk brûke soenen.
    Dat de fiertaal op ‘e Fryske skoallen Frysk is en net it Hollânsk.
    Wy hawwe net iens in tiidskrift, dy’t folslein yn’t Frysk is.
    Sels “De Moanne” is twatalich, wannear wurd it folslein Frysk.
    Dan hawwe wy gjin stipe mear nedich en ek gjin subsidzje foar alle lytsje bytsje krewearjen fan in pear feste kreften.
    Harry Bouwhuis hat gjin ferstân fan ’t Frysk en praat oer “kloaten”. Hoe leech kin hy yn ‘e bedelte peteare.
    Hy jout net ien dinkje oan om it Frysk better te meitsjen.
    Wy hawwe in oerheid om ús te helpen by swerrichheden.
    Gean oan dyn wurk Harry, om Fryslân Frysker te meitsjen en de Fryske minsken te helpen.
    Hy skruiwt hjir yn ’t Frysk, dat is aardich en moarn wêr “gewoan” yn ’t Hollânsk, tink ik.

  14. Harry novimber 8, 08:37

    Ik ha yn myn kollum it belang it gebrûk fan de eigen taal wiidweidich útlein. Neffens my moat soks in fêststeand rjocht wêze.
    Guon minsken reagearje rûnút agressyf as ik hjir jim de stelling foarlis: troch subsydzje bliuwt men ôfhinklik fan de Haachske en Provinsjale oerheid.
    Jo miene miskien dat jo dit debat winne kinne mei it misledigjen fan de skriuwer.

    As men yn dizze miening net yngiet op wat ik skriuw oer Freire, of dat stik net folgje kin, dan wol ik hjir fan alle foarstanners wol ris wite wat de hjoeddeiske subsydzje (nei mear as in heale ieu mei jild stypjen fan it Frysk) noch oan fertúten opsmyt.

    Johannes stipet ta eintsje beslút mei te skriuwen dat ik hjirnei wol oergean kin nei it skriuwen yn it Hollânsk. Dat is fergees.

  15. mbc84 novimber 8, 09:26

    se hienen yn ‘e tiid better al it súbsydzjejild stekke kinnen yn ‘t wetlik fêstlizzen fan it ferplichte brûken fan it Frysk op alle mêden yn Fryslân. Ik fyn wol dat Harry gelyk hat dat al it súbsydzjejild yn al dy jierren mar in lyts bytsje opsmiten hat, want sis no sels, Fryslân hat noch nea sa Hollânsktalich west! Mar ferjit ek net Harry, sa’t hjir ek al sein wurden is, dat it Hollânsk ek ‘stipe’ wurdt (de publike omroppen, kultuer, oare talige aktiviteiten). Allinnich wurdt dat sa net sjoen om’t it Hollânsk in fanselssprekkendheid is..

  16. Johannes novimber 8, 20:25

    Harry, jo kinne net lêze, of jo wolle net lêze wat der stiet.
    Ik tink, dat jo hjir Frysk foar dogge en yn ‘t wurk en gearkomsten Hollânsk prate.
    Besykje no it allegearre ynoarder te krijen wat ik skreaun ha, dan dogge jo goed wurk foar Fryslân.
    Ik hoopje noch in protte kolom ’s fan jo op It Nijs te lêzen.

  17. mbc84 novimber 8, 21:14

    @Johannes: it spyt my al, mar ik kin nearne yn ‘e reäksjes, noch yn Harry syn column weromfine dat er sa’nien is dy’t allinnich him hjir Frysk foardocht en op ‘t wurk en gearkomsten Hollânsk prate soe.. Ik hoopje dat Harry dit mei klem ûntkenne kin, oars is ‘t net bêst sok praat te hawwen oer subsydzjes…

  18. Harry novimber 8, 22:43

    Ik bin berne yn St Niek. No wenje ik yn Stiens. Wy prate thús Flaamsk, Liwadders en Frysk. Myn frou ek noch Frânsk.
    Ik dichtsje yn it Hollânsk en Frysk, fertaal sjongteksten nei it Frysk

  19. mbc84 novimber 8, 22:46

    is gjin antwurd op de kwestje… brûksto it Frysk ek op ‘e wurkflier ensfh, ek al binne der guon (en dy binne der spitigernôch altiten……….) dy’t it net ferstean wolle/ kinne?

  20. Harry novimber 9, 05:56

    Wat wolle jo krekt wite? ik spruts op ‘e wurkflier Frysk en Nederlânsk.
    Ik wie foar ik yn ‘e WAO terloane kam, kursuslieder foar u.o. Undernimmingsrieden.
    Koart sein: ik pasje my oan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.