Do you want to watch porn? Yes/No

oktober 10, 2011 03:00

LONDEN – Britten dy’t har oanmelde by in ynternetoanbieder, krije tenei de fraach foarlein oft se ek nei pornosites sjen wolle. Sa net, dan wurde dy foar de oanbelangjende klanten blokkearre. Dat hawwe de fjouwer grutste providers yn it Feriene Keninkryk dizze wike mei de oerheid ôfpraat. It Britske regear hat de providers om de maatregel frege nei fersiken dêrta fan de Mother’s Union (it memmefakbûn), in kristlike organisaasje dy’t foarkomme wol dat bern neakene en joetsende minsken te sjen krije.

oktober 10, 2011 03:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 oktober 12, 15:53

    Der binne ek wol oare middelen om bern by sokke websiden wei te hâlden. Ik fyn dizze maatregel in bytsje oerdreaun. It smyt ek noch ekstra wurk op foar de providers, dy’t der sels neat oan ha…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*