De apartheid fan Israël

oktober 30, 2011 01:59

TEL AVIV – Israël hat in eigen foarm fan apartheid. De ynwenners fan it lân meie nammentlik allinne trouwe mei minsken fan har eigen godstsjinst. In kristen kin net mei in joad trouwe, in joad net mei in moslim en in moslim net mei in ateïst. In protte stellen yn Israël binne dan ek út need net troud, of se wike út nei it bûtenlân om te trouwen.

Dat probleem wie oant no ta net oplosber, want joad – de grutste religieuze groep yn Israël – wie men troch erfskip en foar it libben. Wa’t in joadske mem hat, kaam automatysk as joad yn de boeken.

De eigen identiteit kieze

Dat is no feroare, sa berjochtet NRC Next. In rjochter hat oardiele dat skriuwer Yoram Kaniuk syn joadske godstsjinst offisjeel ynruilje mei foar it net-leauwich wêzen. Kaniuk neamt it beslút fan de rjochter: “in histoarysk oardiel dat it mooglik makket dat elkenien yn Israël lang om let syn eigen identiteit kiest.”

De Israëlyske taalkundige Uzzi Ornan wiist derop dat de Israëlyske apartheid mei it rjochterlik beslút de wrâld noch net út is. “Der bestiet gjin Israëlyske nasjonaliteit”, sa seit er. “De Israëliërs hawwe wol in Israëlysk paspoart, mar dêr stiet as nasjonaliteit bygelyks Joadsk, Arabysk, Druzysk of Russysk yn.” Dy nasjonaliteit bepaalt hokker rjochten oft men hat. Sa binne beskate doarpen reservearre foar minsken mei de Joadske nasjonaliteit.

Teokrasy

“Wa’t tinkt dat Israël in demokrasy is mei in skieding fan tsjerke en steat, dy is mis”, seit Orban syn abbekaat Yoella Har-Shefi. “Dit is in teokrasy mei rabbinen oan it haad. Israël makket gjin ûnderskied tusken de joadske godstsjinst en de Joadske nasjonaliteit. No’t myn kliïnt syn joadske godstsjinst deroan jûn hat, is er ek syn Joadske nasjonaliteit kwyt, mei alle privileezjes dy’t dêrby hearre.”

De Israëlyske polityk hat ferline jier ek al sjen litten dat Israël yn it foarste plak Joadsk en joadsk is. Wylst ymmigranten foarhinne trou swarre moasten oan de ‘demokratyske steat Israël’, moatte se dat no dwaan oan de ‘Joadsk-demokratyske steat Israël’.

oktober 30, 2011 01:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.