Bern mei fan EU bêst ballon opblaze

oktober 15, 2011 16:32

BRUSSEL – It is foar bern net ferbean om ballonnen op te blazen. Dat hat de Europeeske Uny buorkundich makke. De EU reagearret mei syn parseberjocht op berjochten yn ferskate media, dy’t hawwe woene dat bern ûnder de 8 jier gjin ballonnen mear opblaze meie soene. De berjochten laten ta in protte lilke reaksjes op de ûnderstelde bemuoisucht fan de EU.

De EU riedt âlden wol oan om derby te bliuwen as bern mei ballonnen boartsje. Reden dêrfoar is dat der de lêste jierren ferskate bern yn ballonnen smoard binne. Fierders binne fabrikanten ferplichte om op lateks-ballonnen, dy’t maklik stikken geane, de neikommende warskôging te printsjen:

Tink derom! Bern ûnder de acht kinne smoare troch lege of stikkene ballonnen. Alden dogge der goed oan om tafersjoch te hâlden. Bewarje lege ballonnen bûten berik fan bern. Smyt stikkene ballonnen daliks fuort.

oktober 15, 2011 16:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.