Wa is de mysterieuze NachtRider?
Resint ferskynd
- Ferkenner om tafel mei alle Fryske politike partijen 0
- Slagge gearkomste Obe Postma Selskip mei skriuwer Oek de Jong 0
- Frysk Museum keapet ‘Rebelse Lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta 0
- Fryske húseigner kin noch foardieliger ferduorsumje 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
“De NachtRider is altyd op paad …” Oft dat in ûnthjit is of in drigemint, is net alhiel dúdlik. De NachtRider is in nije Frysktalige blogger, dy’t sûnt ôfrûne tongersdei oer Fryske literatuer skriuwt en ek op Facebook warber is. De NachtRider fertoant him dêr mei in plaatsje fan in autolampe (sjoch hjirneist), dy’t yn ‘e fierte wat tinken docht oan de koplampen fan KITT, de auto fan KnightRider, de televyzjeheld út de jierren ’80 dy’t oantsjut waard as “a man who does not exist”.
Wa’t de NachtRider is? Wy fan It Nijs hawwe gjin flau idee. Wy witte al dat er/se goed thús is yn de Fryske literatuer en polityk. Yn syn/har lêste bydrage is de NachtRider tige kritysk oer it literatuerbelied fan deputearre Jannewietske de Vries. Neffens de blogger “wurdt grute dat Jannewietske de Vries sà alderôfgryslikst benaud is foar de heafoarken fan It Skriuwersboun, dat sy net reewillich is en meitsje dit jier op ’e nij de reis nei de kâlde Broeretsjerke, dy mei it lekkende dak. ”
De foto fan de NachtRider hawwe wy pleatst sûnder syn/har tastimming. Wy witte ommers net wa’t it is. As de NachtRider dat ferfelend fynt, dan moat er/se efkes kontakt mei ús opnimme, dan helje wy him sa gau mooglik fuort.
Klik hjir foar it weblog fan de NachtRider.
Literêr tydskrift http://www.ensafh.nl hat de nije blogger daliks al ûntmaskere: it is Abe de Vries.
Haha, geweldich soks!
Ik tink dot Jannewietske de Vries het sels hat skrieuwen.
Der wurdt grute, de NachtRider soe in projekt fan ien auteur wêze. Dat is in fersin, de NachtRider hat mear as ien bestjoerder. Wa’t dat binne, docht net ta de saak. De saak is, de NachtRider is op paad…
Ik soe it ris sykje yn it brûsende nachtlibben op It Hearrenfean…