Sneon 1 oktober: Literêre Arrivatrein tusken Ljouwert en Starum

septimber 30, 2011 08:40

Meitsje in treinreis mei de Literêre Arrivatrein

 

Fryske skriuwers en muzikanten sille op sneon 1 oktober de trein brûke as ridend poadium. It is in aktiviteit fan de Moanne fan it Fryske Boek, dy’t dit jier fan 16 septimber oant 16 oktober holden wurdt.

Ut Ljouwert wei set de earste literêre tocht om 10.03 oere ôf rjochting Starum. Underweis wurdt de reizger traktearre op koarte, ludike optredens fan:

                                         Sigrid Kingma, Machiel Braaksma, Grytsje Kingma, Rob du Jardin,

                                         Sytse Jansma, Neeltje Bonnema en Bauke van der Woude.

Under tocht 2, dy’t om 13.03 oere fan perron Ljouwert begjint, sille

                                         Bartle Laverman, Machiel Braaksma, Jitske Kingma,

                                         Douwe Kooistra, Anny de Jong en Bart Kingma

de passazjiers fermeitsje. Mei de 3e en lêste reis fan de literêre Arrivatrein dy deis, trede op:

                                         Machiel Braaksma, Linda de Haan, Yva Hokwerda,

                                         Suzanne Quak en Ferdinand de Jong.

Underweis en op perrons sil Hylke Speerstra, de skriuwer fan it Kadoboek ‘De treastfûgel’, mei gitarist-sjonger Bauke van der Woude sa no en dan opdûke. Speerstra wol syn boeken graach sinjearje en Van der Woude hat foar de gelegenheid twa bypassende lieten skreaun.

Boeken en cd’s fan de meireizgjende skriuwers en artysten binne yn de trein te keap by in delegaasje fan ‘Boeken fan Fryslân’.

Jo kinne in treinkaart út de automaat helje of jo ov-chipkaart brûke foar dizze memorabele Frysk-literêre trein.

www.moannefanitfryskeboek.nl

 

 

Aktiviteit: Literêre Arriva-trein

Datum: 1 oktober fan 10.03 oere oant 17.52 oere

Lokaasje: tusken stasjon Ljouwert en stasjon Starum

Yntree: jildich ferfierbewiis/yntsjekke mei ov-tsjip

septimber 30, 2011 08:40
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. HENK oktober 6, 21:05

    Dizze reaksje is fuorthelle. Dizze reaksje wie misledigjend.
    It spyt de redaksje dat it der sa lang op stien hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.