Sina wol in eigen romtestasjon

septimber 30, 2011 02:54

PEKING – Sina hat tongersdei in module fan syn nije romtestasjon it hielal yn sketten. De namme fan de module is Tiangong-1, wat sokssawat as Himelpaleis 1 betsjut. De kommende tiid sille ferskate systemen fan de module test wurde. Yn novimber leit de lansearring fan de ûnbemanne bemanningsmodule Shenzhou 8 yn de plenning. Fan de ierde ôf sille testen dien wurde mei it keppeljen fan de beide modules op ôfstân.

As alles sûnder problemen wurket sille der yn 2012 twa bemanne missy’s folgje. Twa of trije astronauten sille dan maksimaal twa wike tahâlde yn it romtestasjon. Om 2020 hinne sil it romtestasjon in massa fan 60 ton hawwe. It Sineeske romtestasjon is dêrmei in slach lytser as it 140 ton grutte Russyske romtestasjon Mir. It ISS dat op it stuit om de ierde sirkelet, hat 400 ton.

septimber 30, 2011 02:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.