Lêzing oer Bantû-talen

septimber 30, 2011 16:47

Yn it ramt fan Oktober Kennismaand komt de Súd-Afrikaanske taalkundige prof. Vic Webb op moandei 10 oktober 2011 nei Nederlân. Prof. Webb hâldt dan by de Fryske Akademy in Mercator-lêzing oer organisaasjes foar taalpromoasje yn Súd-Afrika en de ûntjouwing fan de Bantû-talen yn dat lân. Hy hâldt syn lêzing yn it Súd-Afrikaansk. De lêzing is fan 16.00-17.00 oere, yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. De tagong is fergees.

Vic Webb is professor yn de taalkunde oan de Universiteit fan Pretoria en direkteur fan CentRePoL (Centre for Research in the Politics of Language). Hy is spesjalisearre yn taalpolityk, taal en ûntwikkeling, meartalichheid, taalplenning, taalbelied en taal yn it ûnderwiis.

Oktober Kennismaand
Oktober Kennismaand biedt in unike mooglikheid om yn de fassinearjende wrâld fan wittenskip en technology te sjen. Troch hiel Nederlân dogge museums, (ûndersyks)ynstellings, bedriuwen, universiteiten, teatergroepen, science sintra en stjerrewachten harren doarren iepen. Mear ynformaasje stiet op www.oktoberkennismaand.nl en www.scienceout.nl.

Oktober Kennismaand wurdt yn opdracht fan it Ministearje fann OCW organisearre troch Stichting Nationaal Centrum voor Wetenschap en Technologie.

septimber 30, 2011 16:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.