Krityk op terreurbestriding net wolkom

septimber 16, 2011 13:40

STRAATSBURCH – In Nederlânsk foarstel om it Europeesk antyterreurbelied kritysk te hifkjen hat safolle argewaasje oproppen dat it Europeesk Parlemint in stimming oer it foarstel ynearsten opskood hat.

It giet om in útstel fan europarlemintariër Sophie in ‘t Veld (sjoch foto) fan D66. Hja ropt op ta in ûndersyk nei de kosten en de effektiviteit fan de antyterroristyske maatregels fan de EU. Ferskate fraksjes en benammen de kristen-demokraten ferwite de D66-politika dat se te kritysk is oer it besteande belied. Neffens Spaanske parlemintsleden leit hja te bot de klam op it rjocht op privacy. CDA-Europarlemintariër Wim van de Camp seit dat er him steurt oan de toan fan In ‘t Veld. Hy seit dat har wurden “een sfeer ademen van: die terrorismebestrijding is overdreven”.

septimber 16, 2011 13:40
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 septimber 16, 16:29

    Frigide famke

  2. Binne septimber 16, 17:30

    Ja watte, spoart fan gjin kwartsje..

  3. Ferjo septimber 16, 18:35

    LOL,

    Ik kin my der wol yn finne.
    Eltsenien seit altyd mar dat privacy niks foar harren is en dat terrorisme bestriding alle hoekjes en gatsjes dy’t we mar ôfdekje kinne ôfdekje moatte
    .
    Mar der moat oait in ein oan komme.
    Der wurd no wol hiel maklik kommentaar op jûn dat dizze parlementarier net oan it belied komme mei. En seker net ûndersiikje litte mei, oft it belied effektyf is of net.

    Polityk
    Inkeld ûndersiikje oft iets effektyf is of net kin al net mear.
    Skandalich.

    En oer Bleker net te sprekken dy’t tsientallen jierren natoerbehear en miljoenen oan ynvestearringen dy’t der troch de jierren yn dien binne. Yn ien kear fuortsmiten geat.
    Alle natoer moat fan him op in minimum komme en beskerme hiel seldsume fegetaasjes, planten en bisten soarten dy moat allinnich beskerme wurde sadat se net ferdwine.

    Mar wat sizze se yn De Haach altyd sels “STILSTAND IS ACHTERUITGANG”.

    En dus it allinnich beskermje fan soarten en fegetaasjes sil úteinlik liede ta it ferdwinen fan bysûndere fegetaasjes, plante en biste soarten.

    Dus dank oan Bleker en folk dy’t mei it nije belied der foar soargje sille dat de natoer foar generaasjes nei us ferlern geat.

    En dank oan de oare minsken dy’t yn it gat benaaid binne.
    En net fjirder sjen kinne as hjoed en moarn.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.