Keltyske nomaden moatte ferfarre

septimber 3, 2011 08:00

BASILDON – Yn Ingelân is opskuor ûntstien om in groep Irish Travellers, dy’t ferhúzje moat.

De Irish Travellers foarmje in nomadysk folk dat benammen yn it Feriene Keninkryk foarkomt en yn famyljeferbân yn caravans wennet. Se prate Gammon of Shelta, in Keltyske taal dy’t nau besibbe is oan it Iersk. Yn it Feriene Keninkryk binne sa’n tweintich tûzen Irish Travellers.

Dale Farm

De groep fan sa’n fjouwerhûndert minsken wennet op it terrein Dale Farm by de stêd Basildon. Se binne eigner fan it terrein, mar se hawwe gjin tastimming om dêr permanint te ferbliuwen. It gebiet leit njonken in wenweinkamp fan sigeuners, dy’t dêr wol permanint wenje meie. It stedsbestjoer fan Basildon hat de groep hjitten om te ferhúzjen. Docht er dat net, dan wurde wetter en elektrysk ôfsletten. Mooglik wurdt it terrein ek mei geweld ûntromme.

“Wy wolle byinoar bliuwe”

Rita Izsák, saakkundige op it mêd fan minderheden by de Feriene Naasjes, hat har soargen útsprutsen oer de twongen ferhuzing. “Troch se te ferbaljen komme dizze húshâldings yn grutte problemen. De Travellers binne tradisjoneel wend oan har eigen manier fan wenjen en se wurde rûnom diskriminearre en ferhûddûke.”

De oanbelangjende Travellershúshâldings hawwe oan it stedsbestjoer te witten dien dat se bêst ferhúzje wolle, mar dat se graach byinoar bliuwe wolle. Se hawwe de oerheid frege om in plak te sykjen dêr’t se mei har allen stean kinne, mar dêr hat de oerheid net op reagearre.

De buorlju binne bliid

De Britske aktrise Vanessa Redgrave is yn ‘t spier kommen foar de Travellers fan Dale Farm. Se neamt it “misdiedich” dat Basildon lytse bern en sike âlde minsken fan wetter en elektrysk ôfslute wol. Se seit dat der genôch plakken yn it Feriene Keninkryk binne dêr’t de Travellers hinne kinne, mar dat se wat tiid en help fan de oerheid nedich binne om dêr allegear hinne ferfarre te kinnen. Se freget har ôf hoe’t it no komt mei de Travellersbern dy’t yn Basildon op skoalle sitte.

De Travellers hiene yn in koart pleit easke dat se wat langer yn Dale Farm bliuwe koene om in alternatyf steanplak te finen, mar dy eask is dizze wike ôfwiisd. Se kinne no alle stuiten twongen wurde om de dyk op te gean. De buorlju fan Dale Farm binne wol bliid. Buorman Len Gridley neamt de Travellers asosjaal en seit: “Ik wol se dêr net langer om’t se har asosjaal hâlde en drage, tsjin my en tsjin de rest fan it doarp. Ik ha skjin myn nocht fan deadsbedrigings, fan rotsoai dat oer myn stek smiten wurdt, fan misledigings en noch folle mear.”

Tony Ball fan it stedsbestjoer fan Basildon seit dat er hopet dat de Travellersút harsels fuortgeane en dat it net nedich is om it terrein mei geweld te ûntromjen.

septimber 3, 2011 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.