Hjoed 58 jier lyn: Edwin Hubble ferstoarn
Resint ferskynd
Edwin Powell Hubble (Marshfield (Missoury), 20 novimber 1889 – San Marino (Kalifornië), 28 septimber 1953) wie in Amerikaansk astronoom en kosmolooch. Hubble koe yn 1923 oantoane dat de ‘dize’ dy’t oan de himel te sjen is, ôfsûnderlike stjerrestelsels binne. Dêrmei waard it bewiis levere dat it hielal folle grutter is as ynearsten tocht waard. Ien fan syn wichtichste ûntdekkings (1929) wie, dat der in ferbân bestiet tusken de readferskowings fan fiere stjerrestelsels en harren ôfstân ta de ierde. Hjirmei koe de teory dat it hielal útwreide, ferklearre wurde.
Libbensrin
Hubble waard berne as de soan fan John Powell Hubble (in fersekeringsdirekteur) en Virginia Lee James, yn Marshfield yn de steat Missoury en wijde him yn syn stúdzje oan de Universiteit fan Chicago benammen oan wiskunde en astronomy. Hy wie mear bekend om syn sportive prestaasjes – rekord heechspringen fan Illinois – dan as yntellektueel. Yn 1910 helle hy syn bachelorsdiploma. De trije jier dy’t dêrop folgen brocht er troch op de Universiteit fan Oksford (Ingelân) mei help fan in Rhodesbeurs. Hy studearre dêr rjochten en Spaansk en ûntfong in M.A. (Master of Arts)-diploma. De rest fan syn libben bleau er him as in Ingelsman foardwaan, faak ta argewaasje fan syn Amerikaanske kollega’s.
Hubble gie werom nei de FS dêr’t hy learaar, basketbaltrener en advokaat waard. Yn de Earste Wrâldkriich brocht hy it ta majoar. Nei de kriich kearde hy werom ta de stjerrekunde en wurke by de Yerkes Observatory fan de Universiteit fan Chicago, dêr’t hy de doktorstitel (PhD) behelle yn 1917 troch in proefskrift “Photographic Investigations of Faint Nebulae” (Fotografysk ûndersyk nei swakke nevels).
Yn 1919 waard Hubble wurk oanbean troch George Ellery Hale, de grûnlizzer en direkteur fan it Mount Wilson Observatory dat by it Carnegie-ynstitút heart yn Pasadena, Kalifornië. Hjir bleau er yn it wurk oant syn dea yn 1953. Koart foar syn dea waard de 200-inch Hale-teleskoop yn it Palomar Observatory foltôge. Hubble wie de earste dy’t der gebrûk fan meitsje koe.
Op 28 septimber 1953 ferstoar Edwin Hubble troch in oerhaal. Der is gjin begraffenis holden en it is nea bekendmakke wat der mei it stoflik omskot fan him bard is.
Boarne: Fryske Wikipedy
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje