Grut ferset tsjin kanker op ‘e Mont Ventoux

septimber 2, 2011 13:18

It Súd-Frânske doarpke Montbrun-les-Bains belibbet op it heden omtrint in ferdûbeling fan it tal bewenners troch in ynvaazje fan Nederlanners. Dy laden fan ‘e moarn harren fytsen út frachtweinen en riede harren fan ‘e middei ta om de Mont Ventoux op te fytsen – of te kuierjen of te draven, guon mei de hânfyts, oaren dogge it 2 of 3 kear – en sadwaande stipe te garjen foar it Keninginne Willemine Fûns (KWF) en oare organisaasjes dy’t krewearje foar kankerpasjinten.

It lossen fan de fytsen mei rjochts yn ‘e fierte it reisdoel: de Mont Ventoux. © Foto: It Nijs

De Stichting Mont Ventoux organisearret dizze tocht fan 2007 ôf. Doedestiids wie it noch mar in lyts ploechje fan goed 40 lju dy’t opdraafden op oanstean fan sporter René Gaastra, nei’t hy hookstrooks in harsentumor krigen hie. Sûnt is it evenemint omtrint alle jierren ferdûbele en yn dit earste lustrumjier útwoeksen ta mear as 500 dielnimmers. Om meidwaan te meien, moat elkenien op syn minst € 400,- oan stipe ynsammelje, mar der binne ek guon dy’t it oprêden hawwe en bring tûzenen euro’s mei. Bestjoerslid Hans van Velzen: “Al it opgarre jild – we roaie yn dit lustrumjier op € 555.555,55 – giet nei de goeie doelen. It KWF stekt it jild fan dit jier yn ûndersyk nei hypertermy: in metoade om tumors mei waarmte te behanneljen. Mar wy stypje ek in stikmannich lokale organisaasjes.” Dat binne ûnder oaren in hospice yn Meppel en in opheinpleats foar bern mei kanker yn Swifterbant. Sjoch de webside Grootverzettegenkanker foar mear ynformaasje. Van Velzen: “Der is gjin strykstôk dêr’t wat oan hingjen bliuwe kin. De fasiliteiten hjirre wurde folslein betelle troch ús sponsors. O ja, dat is faaks nijsgjirrich foar jim lêzers: wy binne o sa wiis mei haadsponsor Koga fan It Hearrenfean. Oars as by it wakker gelikense barren op de Alpe d’Huez organisearje wy as stifting ek de omballings foar de dielnimmers. We hawwe bygelyks alle bêderij yn dit plakje opeaske. Mar soks kin no noch om’t we jit frij lyts binne. As we ankom jier wer ferdûbelje soenen, wit ik net mear hoe’t we dat dan skielk ha moatte.”

Nederlânske sporters behearsken fan ‘e moarn it strjitbyld yn Montbrun-les-Bains. Rjochts de buorren fan it midsieuske stedsje, lofts boppe de tekken de Mont Ventoux.  © Foto: It Nijs

De stimming wie justerjûn op it wolkomssûpke frijwat útlitten, mar oanwêzigen beklamje ek de emosjonele kant. Frijwilliger Henk Vos: “In protte hawwe immen op ‘e pakjedrager, om samar te sizzen. Sike of ferstoarne goekunde. Ik doch sels al fan begjin ôf oan mei op de fyts fan myn kammeraat Jan, dy’t op syn seisenfyftichste hommels ferstoar. Dêrfoar wie ik net sa’n sportman, hear. En noch tink ik gauris: it is te heech, dit is besopen. Mar it is winliken prachtich jins grinzen te ferlizzen. Hjoed haw ik al efkes boppe sjoen, om’t ik sneon oare drokte ha. Dan moat ik dyjingen dy’t it dreech ha, nei boppen prate. Want se moatte, lykas wenst by ús, allegearre wer de top helje.”

Hoewol’t it oant no ta benammen noch in Drintsk inisjatyf bleaun is, dogge alle jierren mear lju út oare geaen mei. Bygelyks ien fan de ûndersikers út Rotterdam, dêr’t it KWF-jild hinne giet, stapt likegoed op ‘e fyts. En de boargemaster fan Montbrun, dy’t juster yn syn wolkomstaspraak syn bewûndering net ferside, fytst moarn ek mei de ferneamde berch op.

septimber 2, 2011 13:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.