Friezen yn ‘e Frjemdte
Resint ferskynd
Op freedtemiddei 30 septimber binne de earste eksimplaren fan it boek “Friezen yn ‘e Frjemdte” oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries en Rients Gratema yn Tresoar. Yn in folle Gysbert Japicxseal koe foarsitter Hâns Dyk út Bodegraven it startsein jaan fan in feestlike middei. Yn syn iepeningswurd joech Dyk de oanwêzigen in priuwke fan it wrotten fan de “binde fan fjouwer”, dêr’t de fjouwer gearstallers fan it boek mei bedoeld waarden. De fiif jier dat hjir oan bealge is, lykas Dyk de harkers fernijde, hat in boek fan 3 kilo opsmiten mei 750 siden. Benammen einredakteur Hâns Wijer út Boppe Smilde seach hieltyd wer kâns om wat ûnmisbere stikken boppe wetter te helje, sa liet de baas fan de útjouwerij Elikser, Jitske Kingma, witte.
Deputearre Jannewietske de Vries wie ûnder de yndruk fan it mânske boek. “Dat hat in bealchfol wurk west” wie har konklúzje. Hja wie der wiis mei dat in belangryk stikje kultuerhistoarje no fêstlein is. Tiden ha tiden en dit is eat út in perioade dat Friezen fuort moasten om wurk te finen. Sa bedarren se net allinne yn Nederlân mar de hiele wrâld oer. Ien kear yn de frjemdte luts dochs it eigene en sochten de Friezen elkoar wer op. Hichtepunt wie wol de earste helte fan de foarige ieu, doe’t de iene nei de oare krite oprjochte waard. De lêste jierren nimt it tal kriten stadichoan ôf. Hat it te krijen mei de gruttere mobiliteit en de digitale kontaktmooglikheden en de sosjale media? Op it stuit binne der noch 27 kriten bûten Fryslân oansletten.
- Rients Gratama helle in pear ferhalen op oer de tiid dat hy alle hoeken en hernen fan Nederlân seach om foar de kriten in foarstelling te fersoargjen. Meastal gong de reis troch de stêden omdat de ringen en rûnwegen der noch net wiene.
- Yn it programma wie fierder in muzikaal optreden fan Grytsje Kingma en Rob du Jardin. Hja hiene har optreden hielendal oanpast oan dizze middei. Benammen Grytsje har gefoelich songen liet oer har bertedoarp hearde hielendal thús yn de dochs wat mankelike middei.
- Yn gearwurking mei it Frysk Filmargyf wie de presintaasje fan de DVD mei dêrop filmkes fan in Friezedei yn de tritiger jierren – in fideofilm fan in oare Friezedei en in fideopresintaasje fan foto’s, makke by aktiviteiten fan it Bûn.
- It boek mei de DVD is te bestellen by Elikser yn Ljouwert en by it Bûn, sjoch: www.fryskbutenfryslan.nl.
It wie in prachtich barren! Ik haw alle respekt foar de kriten om utens, dy’t har ynsette om de bining mei Fryslân libben te hâlden. En fansels ek foar de skriuwers fan dit mânske boek!
Ik bin tige wiis mei dit boek. Omdat ik ek yn it Boun sit, wit ik wat in bealchfol wurk it wie.
Yndied in prachtich barren.
En mei de registers derby wurdt it in tige nijsgjirrich neislachwurk.
Wa helpt mei de promoasje fan it boek?!
It Boun hat in protte tiid en jild stutsen yn in boek, dat de Fryske Beweging en de dêrta rekkene organisaasjes yn de skynwerpers set.
Lit dat wurk net ta in ‘útstrûper’ (eendagsvlieg) ferwurde, mar soargje der foar, dat it ûnder de minsken komt!
Ik soe sizze “Friezen lit jim gean!’
Mei hertlike groetnis,
Hâns j. Weijer
Einredakteur en Bounsskriuwer