Fleurige Warnsbetinking

septimber 25, 2011 23:58

Net allinnich troch it kostlike waar hearske der by de betinking fan de ferneamde Slach by Warns fan’t jier op it Reaklif in opteine stimming. Sa brochten de trije foarnaamste sprekkers, âld-wethâlder fan it eardere Wymbritseradiel en FNP-listlûker Súdwest-Fryslân Germ Gerbrandy, de waarnimmende boargemaster yn dy nije gemeente Hayo Apotheker en deputearre fan de provinsje Fryslân Jannewietske de Vries (fan lofts nei rjochts op ‘e foto hjirûnder, neist foarsitter Falkena dy’t alhiel rjochts stiet) itselde blide boadskip.

Dat boadskip wie dat it mei it Frysk by de gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke allegearre poerbêst regele is, sa goed dat it in foarbyld wêze moat foar takomstige weryndielings. Der is nammentlik boarge dat yn de nije gemeente úteinsetten wurdt mei it brûken fan it Frysk op it heechste nivo dat yn de eardere fusearre gemeenten fûn wurde koe.

Jannewietske de Vries is grutsk op hoe’t it der mei it Frysk om en ta giet yn de Súdwesthoeke.

De ôfgeande foarsitter fan de Stifting Slach by Warns 1345 – Roel Falkena kundige it dellizzen fan syn funksje oan om’t er earder dit jier slim siik west hat – besocht om ‘e nocht weake plakjes yn it frijwat solide ferhaal fan de sprekkers te finen. Ek letter by it neipetear, yn De Spylder yn Warns, doe’t it publyk fragen ôffjurje mocht, bleau dat aardich oerein stean. Dêrby holp oars al mei dat allinnich Gerbrandy noch beskikber blykte te wêzen foar it beänderjen fan de fragen. Neffens him sil de al ferhollânske kommunikaasje fan de fúzjegemeente, lykas opmurken troch guon oanwêzigen, weromdraaid wurde moatte. Lykwols sille offisjele Frysktalige plaknammen net ynfierd wurde, alhoewol’t Wymbrits dêr feitlik al ta besletten hie.

Foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging Jabik van der Bij biedt op entûsjaste wize de Ynterfryske Dikekaart oan.

Sadwaande koe ek it sizzen fan Piter Stellingwerf, dat er te min jongerein seach, de sfear net bedjerre. Alhielendal net om’t er mei in ludyk útstel kaam: oare jier in flash mob (in mannichte dy’t nei in mei sosjale media makke ôfspraak op in plak gearbosket, wat healwizichs docht en him dêrnei hommels wer ôfjout) op it Reaklif. En dan bygelyks in kessengefjocht mei moaie mar yn ûnbrûk rekke Fryske wurden op ‘e slopen ôfprinte. Stellingwerf fan teatergroep SULT mocht wat sizze om’t lieten út de troch him regissearre foarstelling Redbad de betinking noch wer fierder opfleuren.

SULT gniste de betinking op mei lieten út de foarstelling Redbad.

© Foto’s: It Nijs.

septimber 25, 2011 23:58
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. Harry Bouwhuis septimber 26, 12:06

    Ik warskôgje de lêzer, dit is in kritysk lûd.

    Wa hat de slach by Warns wûn?
    Is in fúzje fan gemeenten yn ‘e Súdwesthoeke slagge as op it heechste nivo it Frysk sprutsen en skreaun wurdt? Dat soe moai wêze. De oanwêzigen sneon op it Reaklif binne der fleurich fan. Dat in fúzje noch in protte oare tûkelteammen hat – lit my der mar net oer begjinne.

    De minsken dêr oan de Iselmar betinke de Slach út 1345. De Friezen ha de tsjinstanner ferslein.
    Hokker leger of lân hat noch mear in oarloch wûn? Ik tink nimmen. De slach by Warns hat krekt as de striid op alle oare slachfjilden in protte libbens koste. Dy minsken binne gjin slaaf mar dea. Dêr woe ik wol ris by stilstean.

    Yn de subsydzjepot foar it stypjen fan it Frysk hat ús provinsje foar 2011 110.000 euro stean.
    Wy ha yn 1345 de fijân op de flecht jage. Mar dat feroaret neat oan it feit dat it de boarger noch in lyts part fan de belesting kostet en meibetellet om de subsydzjepot foar de Fryske taal op peil te hâlden.
    Of is dit te koart troch de bocht?

  2. Erwin2.0 septimber 26, 12:45

    Wolsto dat der mear jild beskikber komt?

  3. Harry Bouwhuis septimber 26, 12:49

    op dizze fraach
    Myn reaksje
    nee, minder!

  4. Binne septimber 26, 12:57

    Ik folgje jo no net hielendal mear, wat wolle jo hjir no mei sizze?

  5. Harry Bouwhuis septimber 26, 13:30

    As ik oan ‘e betinking by Warns werom sjoch, wat wy demei fjidder kommen binne, dan syke ik yn de skiednisboeken en lês der dat er safolle minsken Wat ha wy der no wize fan wurden.
    It behâld en promoten fan ús taal moat al jieren mei subsydzjes ta stân komme. Wat wy al net ütfûn ha om it Frysk te behâlden.

    Wy moatte der sunder provinsiale stype hurder foar stride.

  6. Binne septimber 26, 13:44

    Dat wit ik mar in hiel soad minsken binne net Frysksinnich, wy dy’t it wol binne stribje der ek foar sûnder jild, foar dy oaren is dy subsydzje oergriislik wichtich want oars wurdt it em gewoan net.

    Dat jild is nedich en de minsken dy ‘t by de betinking komme fertelle it troch oan oaren en meitsje it rûntsje wer ôf at jo snappe wat ik hjir mei sizze wol?

  7. Kees Veenstra septimber 26, 14:51

    @Harry Bouwhuis
    Gelijkheid aan kansen blijkt ook tot een tweedeling in de samenleving te leiden en daarmee heeft het gelijkheidsideaal heeft afgedaan. Hiermee is een subsidiepot voor de Friese taal en cultuur te rechtvaardigen.

    Spreiding kennis macht en inkomen:

    Met 100 jaar sociaal democratie hebben we de drie kernwaarden van Den Uyl, nl. spreiding van kennis, macht en inkomen, grotendeels gerealiseerd. Met onderwijs voor iedereen, algemeen stemrecht en cao’s en sociale voorzieningen zijn er veel meer kansen voor mensen ontstaan. De mobiliteit op de ladders van kennis, macht en inkomen is sterk toegenomen. Niemand is meer veroordeeld tot de glazen pafonds van zijn eigen sociale klasse van afkomst. Er is veel dynamiek en sociale stijging ontstaan, maar daartegenover staat dat veel mensen in de lagere regionen zijn gebleven en er ook neerwaartse beweging is ontstaan. Kortom er zijn veel meer kansen voor iedereen ontstaan, echter tot meer gelijkheid heeft dit niet geleid. In plaats van de gewenste egalitaire samenleving zijn er in feite twee leefwerelden ontstaan, die van de hoger – en die van de lager opgeleiden en die lijken cultureel en materieel steeds verder uit elkaar te groeien.

    Sociaal democratisch instrumentarium:

    Toen de sociaal democraten merkten dat het gelijkheidsideaal met openstellen van onderwijs voor iedereen, algemeen kiesrecht en ondersteunende sociale voorzieningen nog niet in zicht kwam hebben ze allerlei achterstand- en stimuleringsprogramma’s gemaakt om de gelijkheid toch dichterbij te brengen; programma’s om iedereen met een achterstand in de ratrace een duwtje in de rug te geven om de anderen in te halen. Zelden is meer overheidsgeld verknoeid omdat ze niet werkten en omdat als gevolg van de programma’s oorspronkelijk simpele systemen enorm zijn gecompliceerd.

    Recentelijk zijn we nog verder gegaan en hebben we de achterstandsprogramma’s geïndividualiseerd tot bijvoorbeeld rugzakjes en persoons gebonden budgetten. Natuurlijk moesten deze maatregelen objectief vastgesteld en kregen we persoonlijke indicatiestellingen die iedere aanvrager langs objectieve meetlatten moest leggen. Het liefst doen we dat met de medische stand op de troon die bepaalt of uw kind autistisch- of druk genoeg is om extra professionals in de rugzak te krijgen of onaangepast genoeg is om woonbegeleiding of dure re-integratiebudgetten te ontvangen. Niemand bedacht dat aanbod vraag schept en dat de enige manier om dit te beteugelen eindeloze complicerende voorschriften in de toegang zijn die een leger aan inspecties heeft gegenereerd. Een onbeheersbare AWBZ en onwaarschijnlijk hoog percentage van leerlingen met leerproblemen zijn hier twee voorbeelden van. Het voorlopige resultaat is dat scholen, uitkeringsinstellingen en zorg- en welzijnsinstellingen enorme bureaucratische instituties zijn geworden die met behulp van regelgeving, protocolleringen en verantwoordingslijnen uit handen proberen te blijven van het leger van inspecties en andere controleurs.

    Vervreemding en onvrede:

    Nog ernstiger dan het voorgaande is dat de verschillen, onbegrip en ontevredenheid in de bevolking steeds verder toeneemt. De samenleving is gespleten in opleiding en levensstijl. Onze doelgroep (de lagere sociale klasse) is het beu verder als maatschappelijk experimenteerruimte gebruikt te worden. De ontevredenheid vindt een vluchthaven bij partijen als de PVV.

    Ik durf te beweren dat het sociaal democratisch streven naar gedwongen gelijkheid de laatste decennia het meest pijnlijk en kwetsend is uitgevallen voor de mensen waarvoor de verheffing juist is bedoeld. Net als Marx zich vergiste dat het collectieve bezit van productiemiddelen de tegenstellingen in de samenleving zou opheffen, zo vergist de sociaal democratie zich er in dat open toegang tot kennis, macht en inkomen deze tegenstellingen wegwerkt. De kansen zijn een stuk gelijker gemaakt, de uitkomsten zijn nog even verschillend. Toch mogen we trots zijn dat we de weg naar kennis macht en inkomen hebben kunnen bevrijden van overerving.

    Weg met het gelijkheidsideaal

    Mijn mening is dat doorgaan op het pad van beleid naar verdere gelijkheid een grote fout zou zijn die het wezen van ons mensen aantast. Ons wezen is juist dat we erg verschillend zijn, niet alleen van karakter of uiterlijk, maar ook van intelligentie, aanpassingsvermogen en andere competenties. Dit maakt ons mensen zo succesvol als soort. Het is in mijn ogen dan ook veel belangrijker om te benadrukken dat we iedereen nodig hebben en dat onze samenleving juist sterk kan zijn door ieder zijn eigen rol en functie te laten vervullen. Met het loslaten van het egalitarisme zet ik ook de bijl in het doorgeslagen individualisme. Een succesvolle en hoopvolle samenleving is meer dan de maximale ontplooiing van ieder afzonderlijk individu maar ook een samenleving waarin mensen en groepen mensen een functie in het groter geheel hebben en hierop aangesproken kunnen en moeten worden.

  8. Njirre septimber 26, 16:26

    Fansels hat it Frysk as eltse taal foldwaande jild nedich, mar oft it Frysk oerlibbet of net is gjin jildkwestje , dat sit tusken de earen en as it dêr net sit, dan is al it jild weismiten. Persoanlik tink ik dat wy de slach om it Frysk wol winne sille en fierder fyn ik it stik fan dhr Veenstra in bytsje bûten it ramt fan’e Warnsbetinking, mar dat kin ek komme, om’t ik it net hielendal begryp, ik ha nea de kâns hân om troch te learen.

  9. mbc84 septimber 26, 17:11

    Ik begryp Harry wol, it soe eins in fanselssprekkendheid wêze moatte, Frysk. It soe gewoan oaral en alom wêze moatte, en dan hoecht der net perfoarst subsydzjejild tsjinoan smiten te wurden.

    Lykas yn Belgje, in wet dy’t stelt dat ALLES (!!!) twatalich wêze moat, wêrby’t yn alle gefallen ien fan ‘e twa talen Frysk wêze moat. Hjirmei soe it Frysk in soad holpen wurde, besparret in protte strideraasje en jout de Fries in lykweardigere posysje, net?

  10. Binne septimber 26, 18:53

    @MCB84
    ja dat is wol wier, MAR dit is net in gefal.
    Wy sille der sinten tsjinoan smite matte om ús lyk te krijen hjir yn ús Fryslân, at der net minsken sa as ús, de groep fan Auwerk, Frije Fryske Grûn, RfdFB en gean mar troch binne dan sil it Hollânsk ús Fryske taal de kop yndrukke want de Fryske taal en kultuer is net wichtich genôch foar ‘Nederland’…

    Ik bin al bliid dat wy no al in stik mear foech harre oer ús Fryske lân mar it is noch lang net genôch.

    Persoanlik ha ik sels it leafste dat it Hollânsk hielendal út Fryslân ferdwynt en dat it Hollânsk plak makket foar it Ingelsk en Dútsk.
    twa gruttere talen wêr ‘st hiel wat mear oan hast en fjirder komst.
    Dat wy gearwurkje mei East-Fryslân en Noard Fryslân en dat it lieded nei 1 Grutte steat/Lan mei ús eigen ynkomsten fan it gas, ûnôfhinklik fan Nederlân en Dútslân.

    Margoed, safier is ‘t noch lang net.

  11. Harry Bouwhuis septimber 27, 06:12

    Kees, ik tocht oan in boek út 1980. De ûnderong fan ‘e Reade Burcht.
    De arbeider bestiet yn 2011 net mear. Yn dit boek stean de earste stappen al.

  12. Wiebe Postma oktober 10, 10:43

    In pear jier ferlyn bin ik yn Culloden west.
    The battle of Culloden is in wichtig barren yn de Skotse skiednis, lykas de Slach bei Warns dat foar de Friezen is.
    Mei stipe fan Europa hat men dèr in betinkingssintrum opset. Wylst der feitliks net sa folle mear wie, hat men der wat geweldichs fan makke. Sjoch:
    http://www.nts.org.uk/Culloden/Home/
    It jout in evenwichtich byld fan de ferhâldingen yn dy tiid, net allinich mar joechei oer de Skotten, mar in historysk ferantwurd ferhaal, sa fier as ik it beoardiele kin.
    It is in publykslûker fan jewelste, en in opsmyter foar de Skotse identyteit. Goed foar it toerisme. Soe soks net op it Reaklif kinne?
    De Súdwesthoeke is úteinliks ek in toeristysk gebied.

    Wiebe Postma, Fries om utens

  13. Binne oktober 10, 11:07

    Dat soe yndied wol krekt wat wêze, 2 miggen yn ien klap slaan.
    Jild + ydentitiid.
    Soks sjoch ik wol sitten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*