Fjouwer dagen Liet International yn Noardeast-Italië
Resint ferskynd
Sjongfestival Liet International hat de definitive line-up foar de achtste edysje yn it Italiaanske Udine fêststeld. Yn Noardeast-Italië wurdt it festival oer mar leafst fjouwer dagen útsmard fan tongersdei 17 oant en mei snein 20 novimber. It sjongfestival wurdt yn Italië stipe troch de provinsjes Udine, Gorizia en Pordenone en yn elts fan dy trije provinsjes is in lyts festival dêr’t in part fan de dielnimmers oan Liet International in langer optreden jouwe. Friezinne Janna Eijer fan Jobbegea mei op de earste jûn gelyk oan de bak yn de Kulturni Dom (Kultuerhûs) fan Gorizia, op de grins fan Slovenië en Italië. De finale fan Liet International is op sneontejûn 19 novimber yn Udine yn Teatro Giovanni da Udine. It is nei 7 edysjes yn Fryslân, Sweedsk Laplân en Bretanje foar it earst dat Liet International yn Italië delstrykt. De organisaasje fan it festival is yn hannen fan de Fryske Stichting Liet International yn gearwurking mei de Friûlyske organisaasjes Arlef en Cooperativa Il Campo.
Janna Eijer is mar ien fan de trije talintfolle jonge froulike sjongeressen op it programma fan Liet International. Ut Switserlân komt bygelyks de noch mar 17-jierrige sjongeres Rezia Ladina, de winneres fan it earste Rumantsch sjongfestival, dat heal septimber plakfûn yn La Falera. En út Dublin komt Aoife Scott, ien fan de rising stars fan de Ierske muzykscene fan dit stuit. Aoife is in folle nicht fan Mary Black en sjongt fol oertsjoeging yn it Iersk. Oare opfallende dielnimmers oan Liet International binne de band Silent Woo Goore út de Russyske republyk Udmurtië, de Kroatyske band Coffeeshock Company út Eastenryk en de Ladinyske band Cuntra Löm út it Italiaanske Val Badia. Foar it Rumantsch, it Udmurtysk, it Burgenland-Kroatysk en it Ladinysk jildt dat dy talen foar it earst te hearren binne op Liet International. Fierder is it ek opfallend dat lykas ferline jier op ‘e nij in Vepsysk sjongende band út Karelië de finale fan Liet International helle hat. It Vepsysk is in bysûnder lytse mar ek tige muzikale minderheid út de omkriten fan de Karelyske haadstêd Petrozavodsk. Taalkundigen rûze it tal sprekkers fan it Vepsysk op sa’n 5.000 minsken.
De folsleine line-up fan Liet International sjocht der dan sa út:
* Skama la Rede – Asturië, winner fan de Premiu al meyor cantar
* Noid – Vepsysktalige band út Karelië, Ruslân
* Rollfa – Sámi út Noarwegen, winner fan de Sámi Grand Prix
* Manam – Gaelic band út Skotlân
* The Silent Woo Gore – Udmurtië, Russsyke Federaasje
* Siroka – Rockband út Baskelân
* Aoife Scott – Ierlân
* Janna Eijer – Fryslân, winneres fan Liet 2011
* Priska – Friûlyske band, spilet in thúswedstriid
* Coffeeshock Company – Kroatyske band út Eastenryk, de winner fan sjongfestival Suns
* Cuntra Löm – Ladinyske band út Italië, de winner fan de publykspriis fan Suns
* Rezia Ladina – Rumantsch sjongeres út Switserlân, winneres fan it earste Rumantsch sjongfestival
Liet International hat mei tolve dielnimmers ien dielnimmer mear as de foarige edysjes. De organisaasje yn Udine hat okkerdeis besletten om ien ekstra wildcard út te dielen oan Rezia Ladina. It optreden fan dizze noch folslein ûnbekende sjongeres makke yn La Falera safolle los, dat Liet International har graach foarstelle wol oan it publyk yn Italië. Lykas by foarige edysjes is de line-up in kombinaasje fan groepen dy’t in sjongfestival in eigen lân wûnen mei bands dy’t útsocht binne troch in folslein ûnôfhinklike en ynternasjonale sjuery. Dy sjuery selektearre ek foar it earst twa finalisten út de Russyske federaasje. It grutte tal minderheidstalen yn Ruslân – neffens saakkundigen wol 80 – en it grutte tal ynstjoerings út Ruslân fan heech nivo rjochtfeardiget dy kar. De Russyske bands passe ek treflik yn de doelstelling fan Liet International om relatyf ûnbekende mar nijsgjirrige bands in ynternasjonaal poadium te bieden.
Liet International is yn 2002 yn Fryslân ûntstien mei as oanlieding it 10-jierrige bestean fan it Fryske sjongfestival Liet. It doel fan Liet International is de promoasje fan muzyk yn minderheidstalen en, troch dy muzyk, ek fan de minderheidstalen sels. Sûnt 2002 is Liet International útgroeid ta ien fan de grutste manifestaasjes foar de promoasje fan minderheidstalen en wurdt dêrom ek stipe troch de Ried fan Europa. It festival lûkt alle kearen in soad belangstelling fan de media en wie al ferskate kearen te sjen by BBC, CNN, Omrop Fryslân en tv-stjoerders yn ûnder oare Frankryk, Skandinavië, Spanje en Italië. De kommende edysje fan Liet International wurdt live op de radio én ynternet útstjoerd troch Radio Onde Furlane en wurdt ek opnommen troch de Italiaanske televyzje.
Lykas de lêste fjouwer kear is der ek dit jier in konferinsje yn it Liet International-wykein. It tema fan dy konferinsje is dit jier ‘Muzyk yn minderheidstalen yn it ûnderwiis’. Muzyk yn minderheidstalen en sjonge yn minderheidstalen kin in moai helpmiddel wêze om learlingen te helpen en te motivearjen om in minderheidstaal ûnder de knibbel te krijen. Yn Italië rinne op ferskate plakken projekten op dat mêd. Op de konferinsje sille ek saakkundigen út Baskelân en Fryslân it wurd fiere oer dit tema. Under it Liet International wykein is ek in ústalling te sjen fan foto’s fan ‘e Frânske fotograaf Sandro Weltin. Weltin hat sûnt 2008 alle edysjes fan Liet International bywenne en leafdefol dokumintearre op fersyk fan de Ried fan Europa. In kar út syn moaiste foto’s wurdt yn Udine eksposearre.
In pear dagen nei Liet International is der yn Udine wer in oar evenemint yn it ramt fan minderheidstalen. De Mostre dal Cine sil fan 23 oant en mei 26 novimber tweintich films yn minderheidstalen as it Friûlysk, Katalaansk, Baskysk, Galisysk, Nenets en Sardysk fertoane. De Fryske film ûntbrekt net op it filmfestival; direkteur Fabiano Rosso is bysûnder sjarmearre fan de koarte film ‘De ein fan ‘e wrâld’ fan de jonge Fryske regisseuse Mirjam de With en hat dy dêrom mei oertsjûging foar syn festival selektearre.
De achtste edysje fan Liet International wurdt stipe troch: taalorganisaasje Arlef, de gemeente Udine, de provinsje Udine, de Ried fan Europa, de provinsje Asturias en Fryslân 2018.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje