Dútsk parlemint foar ferheging stipefûns
Resint ferskynd
BERLYN – It Dútske parlemint hat tongersdei foar in ferheging fan it Europeeske stipefûns stimd. It fûns soe de swakke eurolannen helpe moatte as dat nedich is. De nije wet dêr’t de leden fan it parlemint foar stimd ha ferheget it stipefûns fan 123 nei 211 miljard euro. Under de befolking is in soad wjerstân tsjin it beslút. Yn it parlemint stimden 70 leden fan Die Linke tsjin de wet, 6 oare leden fan dy partij dienen net mei oan de stimming. Yn totaal wienen der 523 parlemintsleden foar de ferheging, 85 tsjin, en trije ûntholden har fan de stimming. Yn Nederlân sil begjin oktober stimd wurde oer in garânsje fan 44 miljard euro foar it stipefûns.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje