Britten tsiere no wer om skoalgebed

septimber 11, 2011 13:00

LONDEN – Grut-Brittannië wrakselet mei syn kristlik erfskip. Ferline jier woene in pear foaroansteande Britske wittenskippers de paus oankleie. Doe kaam it amtsgebed yn gemeenterieden ûnder fjoer te lizzen. Yn hieltyd mear gemeenten wurdt derfoar pleite dat âlden it ferfier fan harren bern nei kristlike skoallen sels betelje. No soarget de gemeente noch faak foar ferfier as der yn in gemeente gjin bysûnder ûnderwiis is. Fierders is der in soad te rêden om in gat yn de wet dat it mooglik makket dat skoallen allinnich mar leararen mei de juste godstsjinstige oertsjûging oannimme. En koartlyn mocht in Ingelsman gjin boelberêder fan syn ferstoarne heit wurde as er net op ‘e bibel swarde. Fierder waard ferline wike it gebrûk fan Jezus yn in reklame foar smartphones ferbean.

De nijste diskusje giet oer in wet dy’t alle iepenbiere skoallen ferplichtet ta in deistich mienskiplik gebed mei de learlingen. Op de measte skoallen is dat ferplichte bidden in deade letter. Dat jout argewaasje by de anglikaanske tsjerke. Dy hat der okkerdeis foar pleite om skoallen te bestraffen as se har net oan de wet hâlde. De National Secular Society (NSS) pleitet der no foar om de wet ôf te skaffen. In enkête fan de omrop de BBC lit sjen dat 67% fan de âlden tsjin it ferplichte karakter fan it mienskiplike godstsjinstige ritueel is.

(Ofbylding: Wikipedia / Binter)

septimber 11, 2011 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.