Wolven tsjogge op Fryslân oan

augustus 25, 2011 07:51

LJOUWERT – De wolven wreidzje harren wengebiet stadich út. Yn Dútslân binne spoaren fan in wolf fûn yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn de dielsteat Nedersaksen ferwachtsje saakkundigen foar 2015 de earste wolfsridel. Op it stuit spane yn it easten fan Dútslân alve ridels om. De wolven yn de dielsteaten Noardryn-Westfalen en Nedersaksen binne singelier. It soe mooglik wêze kinne dat ien fan de wolven út in takomstige ridel yn Nedersaksen nei Fryslân ta komt, nei alle wierskyn sil er dan yn East-Fryslân sjoen wurde.

De wolf is ien fan de lânseigen bisten fan Fryslân. Yn de 18e ieu waarden yn Fryslân de lêste wolven sjoen, en deasketten. Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn East-Fryslân wurdt yn 1738 yn de omkriten fan Jever in wolf deasketten. De lêste berjochten fan wolven yn de provinsje Fryslân binne fan de 17e ieu.

De wolven waarden yn it ferline deamakke omdat se hûnsdûmens as rabiës oerbringe koenen op de minske. Sûnt 2008 binne België, Nederlân en Dútslân ‘rabiësfrij’. De wolf is skruten as it om minsken giet, dy sil er dus mije. As der al kontakt mei de minske is, dan sil de wolf him stadich weromlûke. Allinnich as in wolf net fuortkomme kin is it mooglik dat er agressyf wurdt.

augustus 25, 2011 07:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.