Wip: de minsklike seksualiteit ûnder de loep

augustus 10, 2011 04:00

Wip is in boek oer de foarsichtige eksperiminten nei de minsklike seksualiteit. Der is in soad dat wittenskippers lang net oandoarsten te ûndersykjen. De skriuwster fan Wip is minder skruten en spilet yn it boek geregeldwei sels proefpersoan om mear oer seks oan ‘e weet te kommen. Sa lêst se bygelyks in pornoroman mei in fochtmjitterke yn ‘e prûm om derefter te kommen hoe’t har lichem reagearret op mear of minder heftige sênes.

Is it nokkerbeantsje in lyts kultsje?

Wa’t mear witte woe oer seks, alteast by minsken, hie it lange tiid net maklik. Sa’n ien waard al gau as in fiis mantsje of wyfke besjoen. De seksualiteit is dêrtroch nea útwoeksen ta in grutte wittenskip en der wurdt yn de populêre parse net folle skreaun oer seksuologysk ûndersyk en as it al barde, dan faak yn fage termen om benammen gjin wurden foar geslachtsdielen brûke te hoegen.

Seksûndersykster Mary Roach jout yn Wip in grappige beskriuwing fan de ûntdekkings dy’t úteinliks doch dien binne en ek oer de misfettings dy’t lang bestien hawwe oer minsklike seksualiteit troch de skrutenens fan de ûndersikers. Fragen dêr’t wittenskippers in antwurd op socht hawwe, binne ûnder oaren “Wat bart der presys by in orgasme?”, “Wat docht it frouljusliif nei de seks mei it sied fan de man?”, “Is it nokkerbeantsje in lyts kultsje?” Der binne ek nuverder fragen, lykas “Hoe kin it dat minsken mei in dwerslezy noch wol in orgasme krije kinne?” en – echt wier – “Wêrom makket in man fuort nei’t er klearkomt sieddeadzjend middel oan?”

Sa krom as in boemerang

It duorre lang ear’t der in antwurd op sokke fragen wie, ek omdat der foar seksuologysk ûndersyk sa maklik gjin proefpersoanen te finen binne as foar bygelyks it testen fan medisinen of it ûndersykjen fan gedrach. Uteinlik hawwe wittenskippers wol in beropsgroep fûn dêr’t aardich wat proefpersoanen út fuortkamen: huorren. De ôfnimmende skrutenens hat derfoar soarge dat der de lêste jierren wat mear bekend waard oer minsklike seksualiteit. Frou Roach beskriuwt bygelylks hoe’t yn 1991 foar it earst in MRI-scan makke waard fan twa joetsende minsken. Doe waard ûntdutsen dat de kul by it stjitten sa krom stiet as in boemerang en dat er lang net oan it skûlliif takomt. Foar de tiid waard altiten oannommen dat dat al sa wêze soe.

It boek stiet fol feiten dy’t foar de ien grappich, foar de oar beskamsum binne. In pear foarbylden: in sûch wurdt by de ynseminaasje yn ‘e jaren knypt om it bist ekstra geil te meitsjen. Guon froulju kinne klearkomme sûnder te bewegen, allinne troch harren fantasij te brûken. Der binne aardige en minder aardige manieren om in ûnwillige kul stiif te krijen. Der bestiet in frou dy’t troch in senuwôfwiking in orgasme kriget alle kearen as se toskboarstelet. Harsendeade minsken kinne noch in orgasme krije.

Hjir besprutsen: Mary Roach, Wip: de merkwaardige relatie tussen seks en wetenschap. Maven. 324 siden. Priis: 17,00 euro. ISBN9789490574178. (Oersetting fan: Bonk: The Curious Coupling of Science and Sex.)

De ûndersteande TED-lêzing is ek fan Mary Roach:

 

augustus 10, 2011 04:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nynke augustus 10, 20:02

    Nokkerbeantsje? Het woord staat niet in mijn woordenboek, maar is het een cli………?
    Het woord ‘kul’ heb ik van deze site geleerd. Het komt wel erg vaak voor. 😉
    Dit artikel is wel interessant, hoor! Tige neiskjirrig! 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.