Sweed bout miny-kearnsintrale yn de koken
Resint ferskynd
ANGELHOLM – In Sweedske man is ein july oppakt om’t er in kearnreaktor yn ‘e koken oan it bouwen wie. De ienentritichjierrige Richard Handl woe in kearnreaksje op gong bringe. Hy garre grûnstoffen út reekmelders, klokken en oar guod dat er op ynternet oantúgde. Hy hold it ferrin fan syn projekt by op it Ingelsktalige weblog ‘Richard’s Reactor’, dat op it stuit dat wy dit skriuwe noch hieltyd oanwizings jout foar it meitsjen fan in miny-kearnreaktor. Handl syn materiaalkosten berûnen mei-inoar mar 650 euro.
As ûnderdiel fan it proses smiet er op 22 maaie stoffen lykas amerisium, radium, beryllium en swevelsoer byinoar op it elektrysk fornús yn syn hûs yn Angelholm yn Súd-Sweden. Hy woe se minge, mar dat gie mis en it mingsel ûntplofte. De foto hjirnêst lit de rommel nei de tiid sjen. Handl hat him sels grutsk op syn weblog pleatst mei it byskrift “The Meltdown” (it smelten fan de kearnreaktor). Doe wie er lykwols dochs wat kjel wurden, want sûnt hat er net fierderwurke oan syn reaktor.
Nuver genôch kaam de plysje earst efter Handl syn ‘projekt’ doe’t dy harren belle hie om te freegjen oft it eins wol tastien wie wat er by de ein hie. De plysje foel syn hûs binnen en nadere alle radio-aktyf guod. Handl die dat op syn weblog te witten mei de tynge “Project canceled!” (projekt skrast). Nei’t er yn it ferhoar nommen wurden wie, waard er in koart skoftsje letter wer frijlitten. Neffens de plysje hawwe de buorlju net yn gefaar west en wie de strieling yn Handl syn hûs ek net bûtenwenstich heech.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje