‘Dit bart allegear troch de rikelju’
Resint ferskynd
LONDEN – In fraachpetear fan BBC-ferslachjouster Leana Hosea mei twa famkes dy’t tusken de plonderjende minsken yn Londen wyn sitte te drinken hat rûnom op ‘e wrâld skokte reaksjes oproppen. It Nijs jout in oersetting.
BBC: “It is healwei njoggenen yn ‘e moarn en jim sitte in flesse rosee te drinken.”
Famkes: “Ja, fergese alkohol!”
BBC: “Ha jim de hiele nacht oan it drinken west?”
Famke 1: “Ja. ”
Famke 2: “Wy hiene wat te fieren.”
Famke 1: “Ja! Wy ha wat fergees guod krigen.”
De famkes laitsje.
BBC: “Hoe âld binne jim?”
Famke 1: “Achttjin.”
Famke 2: “Hast achttjin.”
BBC: “Geane jim nei skoalle, studearje jim?”
Famke 1: “Nee, wurk.”
Famke 2: “Ik doch neat.”
De famkes laitsje.
Famke 2: “It is de skuld fan ‘e regearing.”
Famke 1: “Gjin idee, de konservativen.”
Famke 2: “It giet derom dat wy de plysje sjen litte dat wy dwaan kinne wat wy wolle. En dat ha wy dien.”
BBC: “Dus jim tinke dat it fannacht sa trochgiet?”
Famkes: “Ja, hooplik wol.”
BBC: “Tinke jim oan Croydon [=wyk fan Londen, red.], tinke jim oan oare plakken?”
Famkes: “Oeral!”
BBC: “Hoe witte jim wêr’t jim as folgjende hinne moatte?”
Famke 2: “Pakst gewoan dyn blackberry …”
Famke 1: “… bekendmakking!”
BBC: “Mar dit binne minsken út de buert. Wêrom binne minsken út de eigen buert it slachtoffer, jim eigen minsken?”
Famke 1: “It binne rikelju.”
Famke 2: “Dy ha bedriuwen. Dy ha bedriuwen en dêrom bart dit allegear, troch de rikelju. Wy wolle de rikelju sjen litte dat wy dwaan kinne wat wy wolle.”
Minsken dy’t wurkje wurde dus straft troch sokken. It wienen net allinnich grutte bedriuwen en hotels dy’t se stikken makke ha, mar ek lytse winkels fan minsken dy’t hurd wurkje moatte foar harren eigen bestean. Minsken dy’t libje moatte fan sa’n winkel en no neat mear hawwe. Hoe soe it wêze at de earme wurkjende minsken no ek ris yn opstân komme soenen en sjen litte dat se mei sokke kriminelen dwaan kinne wat se wolle? Wat dy plonderers yn Londen dogge hat neat mei protest te krijen, dit is gewoan fandalisme…
Deze meisjes zijn gewoon asociaal. Erwin heeft gelijk, hier bereik je helemaal niets mee. Je belandt misschien wel in de gevangenis en je neemt je buurtgenoten alles af wat ze hebben. Ziek is het!