Sina fertrout de ekonomy fan de F.S

augustus 19, 2011 15:32

De Sineeske fise-presedint Xi hat freed syn fertrouwen útsprutsen oer de fearkrêft fan de ekonomy fan de Feriene Steaten. Dat utere hy tsjin Joe Biden, de fise-presidint fan de Feriene steaten. Dat is wer ris in oare toan fan Sina, dy’t nammers bang is dat de Amerikanen yn ekonomysk swier waar telâne komme. Dat soe foar de Sineeske ekonomy ek skealik wêze. De Sinezen hiene oars de Feriene Steaten yn de ferrûne pear moannen slim it mannewaar opsein. Biden wie yn Sina om te praten oer it begruttingstekoart en hoe’t se dat ynrinne kinne. De Sinezen wiene neffens Biden lak en frak.

augustus 19, 2011 15:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.