Oproer yn Londen

augustus 7, 2011 14:13

LONDEN – Yn de Londenske wyk Tottenham wie sneontejûn in grut oproer. Winkels waarden plondere en sa’n trijehûndert minsken giene mei de plysje op ‘e fûst. De reboeljemakkers smieten mei brânbommen. In winkel, in dûbeldekkerbus en twa plysjeweinen baarnden ôf, der waarden ruten ynsmiten en rûnom wiene minsken te sjen dy’t mei winkelkarkes fol stellen guod troch de strjitten rûnen. In kameraploech fan de Britske omrop BBC waard oanfallen en harren guod waard rampoai makke. 26 plysjes rekken ferwûne, fjirtich minsken waarden arrestearre.

De reboelje begûn as in protest foar in plysjeburo. Demonstranten easken ‘gerjochtichheid’ yn de saak fan de 29-jierrige Mark Duggan, dy’t tongersdei by in sjitpartij mei de plysje dearekke. De man siet yn in taksy, dy’t oanholden waard foar kontrôle. De man soe útstapt wêze en op ‘e plysjes sketten hawwe. Doe hie de plysje him deaksketten.

Tottenham is in tige earme wyk dêr’t benammen bûtenlanners wenje. Der is allegeduerigen spul tusken ferskate etnyske groepen en tusken bewenners en de plysje. Sa slim as no hat it neffens de plysje sûnt 1985 net west. Doe wie de reboelje yn de wyk wrâldnijs.

augustus 7, 2011 14:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.