Oanfallen op sjoernalisten yn Ingelân

augustus 10, 2011 16:41

LONDEN – Oeral yn Grut-Brittannië wurde ferslachjouwers it doel fan geweld. It oproer wreidet him fierder út oer it lân.

De hate fan de Britske legerein wreidet him út fan ‘de rikelju’, sa’t twa anonime plonderjende famkes harren yn in rûnom ferspraat BBC-fraachpetear neamden, nei de hiele boargerij ynklusyf de media.

CNN-ferslachjouwer Dan Rivers kin derfan meiprate. Doe’t er besocht om yn Londen in reportaazje fan it oproer te meitsjen, waard er oanfallen. De reboeljemakkers smieten mei flessen nei him en syn kameraploech, en se moasten meitsje dat se fuortkamen.

Mark Stone fan Sky News waard neisitten troch reboeljemakkers doe’t er mei syn mobyltsje oan it filmjen wie en plonderders op harren gedrach oanspriek. Ferslachjouwers fan de BBC en fan Sky New moasten útnaaie doe’t de ruten fan harren satellytwein ynslein waarden.

Fierders waarden sjoernalisten fan ITN, Channel 3 en London Tonight oanfallen. Harren apparatuer waard fernield. De BBC en Sky News litte harren ferslachjouwers net mear sûnder liifwacht de reboeljewiken yngean. De Britske media jouwe harren ferslachjouwers strikte feilichheidsynstruksjes.

augustus 10, 2011 16:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 augustus 10, 19:44

    Sympatike demonstranten…… Wurk is oeral, sels yn dizze tiid. Oprjochte demonstranten falle gjin parse oan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.