Nobelpriiswinner: Dútslân hat te min skulden

augustus 29, 2011 12:00

Neffens ekonoom Joseph Stigitz dogge de Dútsers presys it ferkearde om de krisis op te lossen. De minsken dy’t ryk binne, spekulanten en belizzers krije harren sin en wurde dêrtroch noch riker, en de gewoane minsken moatte de rekken betelje. Stiglitz fynt dat nuver. Stiglitz is der net wis fan dat de Euro bliuwt, de politisy komme nei in lange tiid ta gearhingjend belied en dat belied fan no is ferkeard. De Euro behâlde is djoer, mar tink net dat it net djoer wêze sil om fan in omlet wer ôfsûnderlike aaien te meitsjen. It bêste is as Europa it paad nimt fan de groei. En ekonomyske groei wurdt net berikt troch besparringen, mar troch jild út te jaan. Gjin bedriuw soe neffens Stiglitz sa reagearje as dat guon lannen no dogge. Liene is foar Dútslân op dit momint bûtenwenstich goedkeap. En op dit stuit binne se oan it ôflossen. Yn 1929 hat bliken dien dat soks nearne ta liedt. Eltsenien prate doe oer de krisis en dat it nea nóch in kear sa moast. Mar no dogge wy it likegoed wer.

augustus 29, 2011 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 augustus 29, 14:46

    It is mar in miening oer in mooglike oplossing.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.