Ûnbidich oaljefjild fûn by Stavanger

augustus 18, 2011 21:35

 

Noarske geologen hawwe deunby Stavanger in oaljefjild fûn ta in wearde fan goed tritich miljard euro. De Noardsee wie eins al ôfskreaun as nij fynstgebiet, om’t de lêste belangrike fynst al fier foar it jier 1985 wie. It is oant no ta de grutste nije oaljefynst yn ‘e wrâld yn 2011 en komt op plak 130 fan ‘e fjirtichtûzen oaljefjilden, dy’t op it stuit yn ‘e wrâld bekend binne. It stiet op it njoggende plak fan oaljefjilden op ‘e Noardsee, mar dus noch net oanboarre, tsjinoer al dy oaren dy’t al fierhinne útkloarke binne. De fynst leit ek folle tichter by Stavanger en minder djip as oare fjilden. Apart genôch leit it deunby it Statoil haadkantoar yn Stavanger, dêr’t oant foar koart nimmen sa’n fynst ferwachte hie.

 

In opteine wurdfierder fan Statoil sei dan ek: “Dizze fynst is net it begjin fan de ein fan Noardsee-oalje, mar noch mar krekt de ein fan it begjin”. It fjild is ek mar krekt om ‘e hoeke fan de ûnbidich grutte Statoil ferwurkingsynstallaasjes yn Noarwegen en de op it stuit hege oaljepriis sil harren tige fertuten dwaan. In ekspert fan it Dútske Bundesanstalt für Geowissenschaften sei dat de fynst eltsenien tige ferbjustere hat, om’t de omkriten dêr as útkloarke bekend stiene en de boareilannen hieltyd mear nei de djipsee ferfarre moasten. It is fral de nije 3D-seismyk – dêr’t geologen folle krekter mei yn ‘e seeboaiem sjen kinne – dy’t dizze fynst mooglik makke hat. Neffens Statoil foarseit dizze fynst dan ek dat der skielk noch folle mear fûn wurde sil.

 

Boarne: Der Spiegel.

augustus 18, 2011 21:35
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 augustus 18, 23:26

    Faaks hat it Mare Frisicum ek noch wat te bieden? Wa wit!

  2. Nanne augustus 18, 23:42

    Mar moai ûnder de seeboaiem sitte litte, dy smoarge prakke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.