Kursus Sealterfrysk foar begjinners
Resint ferskynd
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen 0
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’ 0
- Definitive fergunning drinkwetterwinning Lúkswâld 0
- Ynspiraasjedei oer boargerskip en meartaligens yn it mbû op 11 oktober 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
OLDENBURCH – “Baale” betsjut ‘prate’ en “reeke” is ‘jaan’ yn it Sealterfrysk, de fariant fan it Frysk dy’t praat wurdt yn it Sealterlân, krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins. It Sealterfrysk hat in pear nuvere wurden, mar oer it generaal liket de taal noch in soad op it Frysk dat yn “Fräislound” (Fryslân) praat wurdt. It Sealterfrysk hat minder as twatûzen sprekkers en de fjouwer doarpen fan it Sealterlân steane yn it Guinness-rekordboek as “lytste taalgebiet fan Europa”.
Wa’t mear witte wol oer it Sealterfrysk en de taal in bytsje prate wol, kin nije wike yn Oldenburch in fluchkursus ‘Sealterfrysk foar begjinners’ folgje. De kursus wurdt jûn troch de Sealterfryske learares Adelheid Pörschke. Salang’t der plak is, mei elkenien oan de kursus dielnimme. De dielname is fergees.
De kursus wurdt jûn op tiisdei 6, woansdei 7 en tongersdei 8 septimber. De lestiden binne alle trije dagen fan 9.00-16.30. It plak is de Carl-von-Ossietzky-Universität, Ammerländer Heerstraße 114-118, seal A6-5-531. De fiertaal is Dútsk.
Foar ynformaasje en oanmelding kin men (yn it Nederlânsk of Dútsk) kontakt opnimme mei Jörg Peters (joerg.peters@uni-oldenburg.de).
Klik hjir foar mear ynformaasje oer it Sealterfrysk.
As dy reis Jo te fier nis, dan kin it ek altyd noch on-line:
http://www.allezhop.de/frysk/seelter/