Kazernes ticht, fúzjes, ferhuzings

augustus 27, 2011 12:41

DE HAACH – It Nederlânske leger wurdt gâns lytser. Yn De Haach en Budel geane kazernes ticht. De fleanbasis Twinte ferdwynt, in militêr terrein yn Brunssum wurdt ferkocht, de lânmacht ferdwynt út Uddel, it Instituut Defensie Leergangen fusearret mei de Nederlandse Defensie Academie yn Breda en de Koninklijke Militaire School ferhûzet fan Weert nei Ermelo.

Dat stiet yn it konseptbrief Herbeleggingsplan Vastgoed Defensie fan minister fan definsje Hans Hillen, sa docht NRC Handelsblad te witten. It brief giet nije wike nei de Twadde Keamer ta. It ministearje moat 1 miljard euro besunigje.

Oer guon militêre sintra ûnderhannelet it Ryk noch mei oare oerheden. De fleanbasis Kooy yn Den Helder bliuwt ynearsten iepen trochdat de provinsje Noard-Hollân en fleanfjild Den Helder Airport deroan meibetelje wolle. De provinsje Seelân en de gemeente Ynske wolle mooglik ek meibetelje oan it behâld fan definsjeûnderdielen op harren grûngebiet.

augustus 27, 2011 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.