‘Gadaffy is multymiljardêr’
Resint ferskynd
MILAAN – De Libyske lieder Mohammed Gadaffy is multymiljardêr. Allinne syn goudfoarrie hat al in wearde fan sân miljard euro. Dat hat Farhat Bengdara, in eardere meiwurker fan de Libyske sintrale bank, tsjin in sjoernalist fan de Italjaanske krante Corriere della Sera sein.
Bengdara seit dat Gadaffy mei syn rykdom besiket om de stipe fan Libyske stammen en legerkes te keapjen. De bankier seit dat Gadaffy besocht hat om goud te ferkeapjen om oan ree jild te kommen. Hy warskôget foar de finansjele mooglikheden dy’t Gadaffy hat om ûnrêst te skeppen yn Libië.
Neffens de bankier is it wierskynlik dat Gadaffy beskûl siket yn Algerije of yn de súdlike woastynstêd Saba, dêr’t er in basis hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje