Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje

augustus 17, 2011 08:46

Achte Kolleezje, achte deputearre De Vries,

Op 8 april 2011 binne troch de fraksje fan GrienLinks skriftlike fragen yntsjinne oer it ‘Griene Boekje’. Soks nei oanlieding fan in Te Gast fan Jan Schotanus fan DAT Tekstbureau. De Ried fan de Fryske Beweging stipet it pleit fan Schotanus en GrienLinks om te kommen ta sa’n wurdlist foar it Frysk. Ut ús kontakten mei alderhanne ynstânsjes en persoanen begripe wy dat der wier ferlet is fan in ienheidsstavering, benammen foar it profesjoneel en offisjeel gebrûk fan it skreaune Frysk. Wy fersykje jim Kolleezje dan ek om de Fryske Akademy opdracht te jaan ta it gearstallen fan sa’n offisjele wurdlist.

Op dit stuit wrakselje oersetters, tekstburo’s, foarljochters, redakteuren, útjouwers, learaars en oare brûkers fan it Frysk geregeld mei de offisjele en foarkarsstavering fan Fryske wurden. It is fansels prachtich dat der yn it Frysk noch sa’n ryk ferskaat oan farianten foar guon wurden is, lykwols betizing oer de skriuwwize dy’t de foarkar hat, moat tefoaren kommen wurde. It hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt troch útjouwers no as noarm brûkt, mar dat wurdboek is net foar alle doelen folslein: ferbûgingsfoarmen dekke lang net it hiele gebiet, haadlettergebrûk is der net út te heljen, ensfh. Yn it ferlingde dêrfan is it probleem mei de hjoeddeiske – digitale – staveringshifker dat it op in fierstente breed korpus fan de FA basearre is (ntl. It wurdboek) en dat de gewoane taalbrûker der geregeld yn om komt. Likegoed as foar de Nederlânske taal is der foar it Frysk ferlet fan in offisjele wurdlist. Sjoch ek nei de stikken dy’t op www.dekrantvantoen.nl ferskynd binne.

Omdat it foech foar it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk by Provinsjale Steaten fan Fryslân leit, freegje wy it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de Fryske Akademy sa’n list gearstalle te litten.

Wy sjogge jimme reaksje mei belangstelling yn ‘e mjitte.

augustus 17, 2011 08:46
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. mbc84 augustus 17, 09:14

    en wêrom moat soks dan it ‘griene boekje’ hjitte?? Moatte wy wier alles fan dy lju kopiearje???? Immen in better idee?? It pompeblêdeboekje?

  2. Jeltsje augustus 17, 09:38

    mbc84: Sa’n wurdlist moat fansels net It Griene Boekje neamd wurde. Dat soe net praktysk wêze omdat Het Groene Boekje al in begryp is. Der binne grif oare kleuren te betinken dy’t gjin betizing jouwe.

  3. Geart augustus 17, 09:52

    Dêr gean we wer, eamelje oer in kleur ynstee fan in sinfolle opmerking oer it doel fan dit boekje en inisjatyf. It liket my nmtl hiel sinfol dat sa’n boekje der komt der is no rom ferskaat oan wurden en skriuwwizen dy’t brûkt wurde kinne en goed rekkene wurde. De betizing hjiroer wurdt faak dúdlik as jo (ik alteast) opmerkings krije oer it skriftlik taalgebrûk yn it Frysk. Wat de iene goed fynt wurdt troch oaren as falikant ferkeard oantsjutten. Allinnich dêrom soe it goed wêze dat sa’n wurdboek der komt. Dan kin ik de trije oare wurdboeken dy’t ik út en troch brûk oan kant lizze.

  4. mbc84 augustus 17, 11:02

    @Geart: sa bedoelde ik it ek net. Fansels is it in bêst inisjatyf en kom mei sa’n boekje/list. It irritearret my dat soks wer inte wurdt op hoe’t de Nederlanners it dogge. De staveringswiziging fan 1980 hat de Fryske taal ferkrêfte, om’t de wize hearen fan miening wienen dat it Frysk makliker wurde moast om te skriuwen foar de Friezen, en dêrom waard it nei it Nederlânsk fermaklike. In grutte skande, soks hie nea moatten!

  5. Wolter augustus 17, 21:32

    Ik ha yn 2010 in artikel skreaun oer de fierdere ”Untjouwing fan it Standertfrysk” (ferskynd yn Lyts Frisia).

    Dêryn pleitsje ik foar in brede standert: Jou romte oan dialektwurden en wurden út oare talen wei. It Frysk Hânwurdboek fan de Fryske Akademy fyn ik wat dat oanbelanget in hiel aardich begjin. Ek yn myn artikel is de provinsje de autoriteit op dit mêd. Yn it artikel wurde in tal mooglikheden beskreaun foar de standert (fierdere standardisearring) fan it Frysk, sa ek in wurdlist.

    Neffens my hat de provinsje sa stadichoan wol genôch ympulsen hân. Der kin mei rjocht en reden sein wurde dat der ferlet is fan in dúdlike standert. No is it saak dat de provinsje syn ferantwurdlikheden oangeande it Frysk neikomt.

    En it ”grutte standertboek” soe ik opdrage wolle oan ien dy’t him fertsjintlik makke hat op dit mêd. ”De Gysbert Japiks List” bygelyks.

  6. Jehannes Elzinga augustus 17, 21:59

    Sa’n grien boekje moat der komme, hoe’t it ek hjitte mei!
    It docht suver primityf oan dat it Frysk gjin standert stavering hat. As wy dy hawwe jout dat ek de mooglikheid in Frysk Diktee te hâlden, in aardich ynstrumint foar taalbefoardering.

  7. mbc84 augustus 17, 23:53

    Noch leaver haw ik dat se it jild stekke yn ‘t wier Frysktalich meitsjen fan ús lân. D.w.s.: alle buordsjes ék yn it Frysk (ferkearsbuorden, oantsjuttingsbuordjes ensfh) En ék yn ‘e stêden!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.