De Kamasûtra op syn Frysk

augustus 11, 2011 00:02

De Kamasûtra is in Yndiaask boek út de twadde ieu nei Kristus. It hjit folút fan Vatsyayana Kamasûtra (ferhalen fan langstme) en giet oer de keunst fan de leafde. It behannelet saken lykas it sykjen fan in partner en jout tips om by it oare slachte yn ‘e smaak te fallen. Fierwei it bekendst is de Kamasûtra lykwols troch syn beskriuwings fan allegear stantsjes foar it lizzende wurk. En dat hoecht net altyd lizzend dien te wurden.

Hjirûnder jouwe wy in lyts priuwke út dy samling fan stantsjes. Spesjaal foar de gelegenheid ha wy der moaie Fryske nammen foar betocht. Fansels steane wy iepen foar suggestjes foar oanfollings, leafst mei orizjinele Fryske nammen derby!

1. De man efter de toanbank
De frou leit op ‘e rêch op ‘e tafel, mei it gat by de râne. De man stiet mei de kul yn de frou foar de tafel as wie er efter in toanbank oan it wurk. De tafel moat wol sterk wêze as it wurk oan ‘e toanbank om wylde bewegings freget.

2. De man efter de kroade
De frou leit op ‘e rêch op bêd, de skonken wiid útinoar. De man docht krekt as kriget er in kroade by de hânsels beet en komt al kroadzjend mei de kul nei foarren ta.

3. De sekkedrager
Sekkedragers moatte sterke manlju wêze! Foar dit stantsje moat de man de frou optille. Se slacht de skonken stiif om him hinne, slacht de hannen by him om ‘e rêch en hy draacht har as in sek oer in hulterich terrein oant se beide thús binne.

4. Stânfriezen
“Friezen knibbelje allinne foar God”, sei de Fryske ealman Gemma van Burmania yn 1555 doe’t de Spaanske kening him op ‘e knibbels twinge woe. Van Burmania bleau stean. Sûnt dy tiid hjitte prinsipiële Friezen ‘Stânfriezen’.  Twa steande Friezen kinne ek oan seks dwaan. It is maklik as de foarste Fries wat foaroer bûcht en bygelyks op it bekling fan in stoel stipet. De efterste Fries kin dan in iepening útsykje om te ûntdekken.

5. Yn ‘e skjirre
De frou leit op ‘e side en de man tusken har oplutsen skonken. De partners hawwe de hollen ferskillende kanten út. Hy kin har oer billen en gat streakje as er syn wurk docht.

6. Evert op ‘e rêch
Wa’t Evert op ‘e rêch hat, is loai. Dit is dan ek in lekker loai stantsje. De frou leit plat op it liif of se stipet op ‘e earmtakken. Se kin ien skonk wat oplûke as dat nofliker is. De man leit op har en stipet op ‘e earmen.

7. It earerûntsje
Dit is ek in loai stantsje. It is in ekstra rûntsje foar de eare en de gesellichheid, as it echte wurk al dien is. De man leit ûntspand op ‘e side en de frou skoot tsjin him oan sadat de lytse reedrider yn it al wat wiete Thialf ferdwynt. Se bliuwt lekker lizzen, wylst hy har streaket en de lytse man syn earerûntsje rydt. 

8. Melkerstiid
De frou sit op ‘e knibbels en earmtakken op ‘e grûn. De man krûpt efter har en lit de kul by har ynkringe. Foar in soad froulju is dit in tige noflik stantsje om’t de man tige djip yn ‘e prom komme kin. De man kin mei de beide hannen de boarsten fan de frou beethâlde.

9. Knibbelje foar gat
By stantsje 4. waard al neamd dat de Friezen mar foar ien ding knibbelje. Oft dat iene ‘God’ of ‘gat’ is, makket dit stantsje dúdlik. De frou leit op ‘e rêch mei de holle op in kessen. De man knibbelet del, triuwt har knibbels tsjininoar en kringt by har binnen.

10. De mêst op it skûtsje
Dit is in stantsje foar loaie of wurge manlju. De frou giet op ‘e man sitten, dy’t op ‘e rêch op bêd of op ‘e grûn leit. Se nimt syn lytse man, bringt dy yn en hinget sels ek loai efteroer, wylst se op ‘e hannen stipet. De frou makket by dit stantsje út hoe lang oft it duorret.

augustus 11, 2011 00:02
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Felix augustus 11, 01:38

    Haha, LOL!

  2. Jon Kuiper augustus 11, 13:14

    Hartstikke leuk, zoiets zou je hier in de VS niet op het nieuws zien!!!!!

  3. siem augustus 11, 16:12

    Yn dit sjenre fan ‘literatuer’ falt, wat oersettings oanbelanget, noch hiel wat te swyljen. Ik kin mar net wachtsje wannear’t de begeliedende ynstruksjefideo fan ‘bokke’ en ‘tite’ it ljocht sjucht.

  4. pizza boy augustus 11, 22:22

    Gin tied te ferliezen
    Le’ts do stânfriezen
    Don meist do de mest op it skûtsje
    Mei dien lekkere toetsje
    En don kreist een zoentsje
    En dog do wy nog een earerûntsje

  5. Erwin2.0 augustus 11, 23:29

    Sljocht-en-rjocht-seks

  6. Nynke augustus 11, 23:35

    Ik ken wel stokslobberje voor p**pen. :)))

  7. Binne augustus 12, 08:33

    Jep, en pealsitte, al is dêr net in soad oan sjoen it net mear is as stil sitte 😉

  8. Erwin2.0 augustus 12, 19:14

    Is dat allegear wol kamasûtra?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.