Britske plysje kibbet mei polityk

augustus 14, 2011 00:00

LONDEN – De Britske plysje is neat net wiis mei it beslút fan premier Cameron om Bill Bratton as syn nije feilichheidsadviseur te beneamen. Bratton is Amerikaan en hat de lieding hân fan plysjekorpsen yn ferskate grutte Amerikaanske stêden. Korpssjef Hanson fan Manchester neamt it ûnbegryplik dat “ien dy’t fiiftûzen kilometer fier fuort wennet” no advys jaan moat oer it Britske plysjebelied. Cameron syn krityk op de oanpak fan it oproer troch de Ingelske korpsen is by de Britske plysje ek min oankommen. Neffens Hanson hat de plysje benammen mear jild nedich en “gjin besuniging fan 20%”.

augustus 14, 2011 00:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 augustus 14, 01:15

    In krisis bringt it folk ornaris byinoar. Nuver dat premier Cameron de kop yn it sân stekt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.