Britske krante makket djoere flater

augustus 12, 2011 10:24

PARYS – De Britske krante Mail on Sunday hat in grutte flater slein, dy’t in Frânske bank miljoenen euro’s koste hat. De krante hat nammentlik in ôflevering út in fiksjoneel ferfolchferhaal út de Frânske krante Le Monde foar serieus oansjoen en oernommen. Skriuwer Philae beskriuwt yn dy ôflevering fan Terminus pour l’euro hoe’t de Frânske bank Société Générale op it rantsje fan in fallyt stean soe.

Frânske krantlêzers witte dat Terminus pour l’euro fiksje is, mar Mail on Sunday hie dat net yn ‘e rekken en de Britske lêzers fan ‘e krante likemin. De oandielen fan Société Générale binne nei it ferskinen fan de Britske krante 10% keldere. De bank ûndersiket oft er juridyske stappen tsjin Mail on Sunday sette kin. De krante hat syn ekskuses oanbean.

augustus 12, 2011 10:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ids talen augustus 13, 10:55

    …mar ja, jild, altiten en ivich gedonder!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.