Boete foar eigenwize Katalaanske taalbewegers

augustus 5, 2011 12:33

VALENCIA – De Katalaanske taalorganisaasje ACPV moat in boete fan 600 tûzen euro betelje. Dat is en bliuwt it beslút fan de oerheid fan de Spaanske autonome regio Falensia (Valencia). De ACPV hat op ferskate plakken yn Falensia sinjaalfersterkers delset. Dy meitsje it mooglik om yn de regio it Katalaanske televyzjestasjon TV3 te ûntfangen.

Falensia leit súd fan Kataloanië. Yn in grut part fan Falensia wurdt Katalaansk praat. De taal hat der in offisjele status, mar yn de praktyk hat it Katalaansk der, oars as yn Kataloanië, de rol fan minderheidstaal en slacht it Spaansk foar master op. De Falensiaanske regionale omrop Canal 9 is offisjeel twatalich, mar stjoert mear yn it Spaansk as yn it Katalaansk út.

De Falensiaanske minister fan kultuer Lola Johnson wol net dat de ACPV op eigen manneboet soarget foar ûntfangst fan Katalaanske televyzje yn Falensia. Hja wol wol mei de oerheid fan Kataloanië prate oer in útwiksel: de regionale televyzje fan beide regio’s soe dan ek yn de oanbuorjende regio te krijen wêze moatte. Hja fynt dat de Spaanske oerheid der finansjeel oan bydrage moat om dat mooglik te meitsjen. De posysje fan Johnson is net ûnomstriden: foar’t hja minister waard, wie se direkteur fan Canal 9.

De ACPV seit dat it de grutte boete net opbringe kin en hat in aksje opset om jild yn te sammeljen.

Klik hjir om de site fan ACPV te besjen.

 

augustus 5, 2011 12:33
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. pizza boy augustus 5, 20:51

    Bin se don sa gemien?
    Sok iets ergs ha se dochs net dien?

  2. Erwin2.0 augustus 7, 15:08

    Wat kinne se dêr oerdriuwe, ju!

  3. Johannes augustus 7, 17:41

    Oerheden binne net wiis. Ape gedrach fan dizze frou. Dy wol it te sizzen ha. It spyt my tige, mar froulju binne dan noch slimmer as manlju. Mei tarre en fearren troch Falensia slepe.

  4. A. Zijlstra-Hoekstra augustus 7, 18:19

    Achtenearre leden fan de Ried,

    Mei rju wille haw ik kundskip nomd fan jimme kreaze en learsume hiemside “It nijs”. Jim hawwe hiel wat út de wei set. Ik sil jimme hiemside wiswier oan myn Fryske kunde oanrikkemandearje.

    Ik skytskoarje der in lyts bytsje tsjin oan, mar ik wol jimme dochs in fersyk dwaan, of faaks is “suggestje” in better wurd. Soene jimme de letters wat grutter meitsje kinne? Ik haw der nammentlik muoite mei om alles goed te lêzen.

    Troch organisaasjes lykas de Ried fan de Fryske beweging bliuwt it Frysk bestean en buorket ús sprake foarút. Myn tigenste tank dêr foar.

    Mei rju eale groetenisse út Swol (Oerisel),
    A. Zijlstra-Hoekstra

  5. pizza boy augustus 7, 19:04

    Johannes: Bist do gin foar stonner fon froulje ien de politiek?
    Jannewietske de Vries is dochs goed fon karakter en fysiek?

  6. Erwin2.0 augustus 8, 08:19

    Dat wiif wol de Katalaanske taalbeweging gewoan stikken meitsje. Faaks hawwe se dêr wol in in wat gruttere beweging, mar seis ton is in protte jild.

  7. mbc84 augustus 8, 10:21

    Pizzaboy: Jannewietske? Wat hat dy foar it Frysk dien?? Dy sleauket der ek mar wat yn om, om foaral de Hollanners net foar de kop te stompen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.