Bizar: parkearproblemen op syn Litousk

augustus 3, 2011 01:37

FILNIÛS – Fryslân is myld foar minsken dy’t harren auto op in ferkeard plak delsette. Oer it generaal komt men der hjir mei in boete foarwei. Op oare plakken yn Nederlân binne se minder aardich: auto’s wurde dêr fuortsleept en yn Amsterdam krije foutparkearders in klamp om it tsjil. Dat binne lykwols maatregels fan neat as men se ferliket mei it nije parkearbelied yn de Litouske haadstêd Filniûs.

Om foargoed dúdlik te meitsjen dat de stêd net lije wol dat automobilisten parkeare op plakken dêr’t dat ferbean is, hat boargemaster Arturas Zuolas in ferkeard parkearde Mercedes mei in tank platriden. Hy die dat foar it each fan de kamera en wachte dêrnei rêstich oant de eigner weromkaam by syn auto. Hy fûstke mei de ferstuivere man, lei him út dat de stêd parkearregels hie en dat dy hanthavene waarden. Dêrnei helle in sleepwein it wrak fan de auto fuort en swile de boargemaster de lêste diggels gear.

De auto dy’t Zuolas útsocht hie, stie bysûnder asosjaal parkeard: efter in boerd dat stilhâlden en parkearen ferbiedt, op in fytsstripe en heal op in sebrapaad. De boargemaster seit oer syn aksje: “Ik woe mei myn stunt sjokkearje. Wy hawwe hieltyd mear lêst fan wyldparkearders. Hja hawwe gjin respekt foar oare ferkearsdielnimmers.”

It gemeentebestjoer fan Filniûs hat it filmke fan de aksje op ynternet set en wol it ek fierder ferspriede om safolle mooglik minsken derop te wizen dat men jins auto net samar oeral delsette kin.

augustus 3, 2011 01:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.