Bands pukkelpop jouwe jild werom
Resint ferskynd
Pukkelpop sit yn finansjeel swier waar nei it drama fan ôfrûne wike. Út solidariteit stoarte Belgyske artysten massaal harren gaazje werom. It festival jout it jild werom oan alle besikers, mar guon artysten moatte ek op ien of oare manier kompensearre wurde. Likernôch de helte fan de Belgyske bands wol gjin jild ha. Sy hoopje dat it festival kommend jier trochgiet. Mar dan moat it finansjeel wol kinne.
Op 15 novimber wol it festival alles werombetelle ha.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje