AEX slacht: -4.6% en 7.6 miljard poater

augustus 18, 2011 20:15

Yn Europa en yn ‘e Feriene Steaten binne de beurzen hjoed oan it ynstoarten mei sa‘n fjouwer oant fiif persint: AEX min 4.6%, CAC40 (Parys) -5.5%, Frankfurt -4.5% en London -5.8%. De Dow stiet no op likernôch -4% en S&P en Nasdaq op -5%, mar binne noch net sluten.

 

Eangst foar in resesje, minne makrosifers en in swakke polityk yn de F.S., sawol dêre as yn Europa, binne sa’t it skynt de oarsaak fan dizze delgong. It rapport fan Morgan Stanley dat hjoed útkaam, hat likemin holpen. Dêr wie yn te lêzen dat sawol Europa as de F.S. gefaarlik ticht tsjin in nije resesje oan sitte. Fral bankoandielen waarden massaal ferkocht: Barclays min 11,5%, Commerzbank min 10%, Societé Génerale min 12%, ING, Aegon min 8,5%.

 

De oaljeprizen binne sakke mei 4.5% nei hast 84 dollar it fet. Euro en dollar sakje tegearre, dat der is net folle koertsferskil. Goud stiicht mar troch. Tenei mear.

augustus 18, 2011 20:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.