Wat begrypt in bern fan sân jier?

july 30, 2011 11:04

In protte pjutten fan noch gjin twa jier âld brûke al eigenskipswurden (Holl.: bijvoeglijke naamworden) lykas grut en heech. Mar net earder as op harren sânde begripe sy dy termen op ‘folwoeksen nivo’, konkludearret taalwittenskipper  Elena Tribushinina. Hja fierde dat ûndersyk út oan de Universiteit Antwerpen mei in Rubicon-subsydzje fan NWO. Op it stuit is Tribushinina universitêr dosint oan de Universiteit Utrecht. Dêr sil se mei in Veni-subsydzje fan NWO trochgean mei har ûndersyk nei bernetaal.

Om te begripen wat in heech stek betsjut, moat in bern it antwurd op twa fragen witte: hoe heech binne stekken ornaris en binne der oare hege objekten yn de buert dêr’t men it stek mei ferlykje kin? Taalwittenskipper Tribushinina toant oan dat bern ûnder de sân jier muoite hawwe mei sokke yngewikkelde ynterpretaasjes. Mar hja brûke de kombinaasjes fan eigenskipswurden en haadwurden (Holl.: zelfstandige naamwoorden) dan al jierren, fan harren twadde jier ôf fakentiids sels al sûnder flaters. Dat komt, sa lit Tribushinina sjen, omdat lytse bern hiel krekt ûnthâlde hokfoar objekten oft as grut beskreaun wurde en hokfoar wurden oft men it bêste mei heech kombinearje kin. ‘Twajierrigen werhelje wat se fan folwoeksenen hearre’, sa sei Tribushinina. ‘Mar net earder as mei sân jier begripe se echt goed wat relative begripen as heech en leech en grut en lyts betsjutte.’

Oaljefant                                                                                                                                                            
De ûndersiker toande dat oan mei in eksperimint wêrby’t se bern plaatsjes sjen liet fan sân foarwerpen, bygelyks oaljefanten. Hja stelde harren de fraach: watfoar oaljefant fynsto grut? Bern fan twa wize allinnich de grutste oaljefant op it plaatsje oan. Op de fraach ‘watfoar oaljefant fynsto lyts’ keazen se it lytste bist op it plaatsje. Bern fan fjouwer neamden by sokke fragen trije of fjouwer fan de sân oaljefanten grut. ‘Hja begripe dat dy trije of fjouwer neffens de oare bisten op it plaatsje grut binne, mar brûke noch net harren kennis oer de grutte fan echte oaljefanten.’

Fan sân jier ôf fine bern de measte oaljefanten op it plaatsje lyts. Bern fan dy jierren binne lykas grutte minsken by steat en kombinearje harren kennis fan de mjitte fan ûnderskate objekten, yn dit gefal oaljefanten, mei wat se op it plaatsje sjogge. Omdat echte oaljefanten folle grutter binne as de sân oaljefanten op de tekening, neame se de measte oaljefanten op it plaatsje lyts.

De útkomsten fan it ûndersyk binne fan belang foar âlden, learkrêften en oaren dy’t mei bern wurkje. Tribushinina: ‘Grutte minsken geane der ûnbewust fan út dat bern dy’t eigenskipswurden brûke, dy ek begripe. Hja kinne de bern helpe by harren taalûntjouwing troch mear útlis te jaan as se betreklike eigenskipswurden brûke. Bygelyks troch tsjinstellings te neamen: ‘Dit is in grut hûs. It is grutter as it hûs fan beppe. Beppe hat in lyts hûs.’ It  helpt ek as folwoeksenen ferskillende eigenskippen fan foarwerpen neame. ‘Dit is in grut hûs. It is wyt en it is moai.’ Bern sille dan earder begripe dat eigenskipswurden eigenskippen fan objekten oantsjutte.

Dôf                                                                                                                                 
  Tribushinina toant yn har ûndersyk ek oan dat dôve bern mei in ymplantaat in taalefterstân hawwe. Oant no ta waard oannommen dat dy bern minder lêst hawwe fan taalefterstannen as dôve bern mei in gehoarapparaat. ‘It jin oaneigenjen fan eigenskipswurden is in wichtige graadmjitter foar taalefterstannen. Ik lit sjen dat dôve bern mei in ymplantaat ek in taalefterstân hawwe.’

july 30, 2011 11:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nynke july 30, 13:41

    Dit nieuws komt me bekend voor. Gisteren stond er ook al een artikel over deze ontdekking op It Nijs. Foutje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.