Taalkaart fan Alaska

july 20, 2011 08:00

ANCHORAGE – Foar it earst yn tritich jier is der wer in goede kaart dy’t de talen fan Alaska oanjout. Yn it noardwestlike stik fan de Feriene Steaten wurde njonken it koloniale Ingelsk en Spaansk noch sa’n tweintich oarspronklike talen praat. De nije kaart lit krekt sjen wêr’t hjoed de dei de taalgrinzen rinne.

De oarspronklike talen fan Alaska hearre by twa taalfamyljes. De iene is de groep Eskimo-Aleoetyske talen, dêr’t it Grienlânsk ek by heart. Yn Alaska is de grutste taal fan dy groep it Yupik. Talen fan dy groep wurde benammen oan de kust praat.

De oare groep binne de Na-Denétalen, dy’t benammen yn it binnenlân praat wurde. Se binne besibbe oan yndianetalen lykas it Apache en it Navajo, dy’t yn it suden en westen fan de Feriene Steaten praat wurde. Yn Alaska hawwe se net folle sprekkers mear.

De kaart is in mienskiplike útjefte fan it Alaska Native Language Center en de universiteit fan Alaska. Hy kostet 15 Amerikaanske dollar, mar kin ek fergees download wurde.

Klik hjir om de kaart te besjen.
Klik hjir om him te bestellen.

july 20, 2011 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.