Súd-Sûdan ûnôfhinklik

july 9, 2011 09:27

JUBA – Súd-Sûdan is sneon om 00.00 oere (lokale tiid) ûnôfhinklik wurden. It lân makket him los fan Sûdan, dat foar de ûnôfhinklikens fan Súd-Sûdan it grutste lân fan Afrika wie.  It lân hat sa’n acht oant tsien miljoen ynwenners en leit yn it easten fan Afrika. De haadstêd is Jûba.

Yn 1956 waard Sûdan ûnôfhinklik. In protte Súd-Sûdanezen fielden har yn de grutte Sûdaneeske steat tekoartdien en ûnderdrukt. In wichtige faktor dy’t meispile wienen de demografyske ferskillen tusken Noard en Súd-Sûdan; it suden wie foar in grut diel negroïde en kristlik, it noarden wie foar in grut diel islamitysk en Arabysk. Yn it tiidrek 1955-1972 fochten rebellen dêrom foar in ûnôfhinklik Súd-Sûdan. De twadde boargerkriich fûn plak yn it tiidrek 1983-2005. Sûnt 1983 hie it Sûdaneeske Folksbefrijingsleger de lieding oer de Súd-Sûdaneeske rebellen. De twadde boargerkriich einige yn 2005 yn Kartûm mei in fredesoerienkomst. Mei de fredesoerienkomst krige Súd-Sûdan autonomy.

Yn jannewaris 2011 waard nei ynternasjonale druk in referindum ûnder de befolking fan Súd-Sûdan holden. 98,9 persint fan de befolking keas dêryn foar ûnôfhinklikens fan Sûdan.

july 9, 2011 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.