Staveringsflaters jeie klanten fuort
Resint ferskynd
- De Fryske flogger op Hûnekop Festival XXL Drachten 0
- Eland yn Stockholm deasketten nei blokkearjen metro 0
- Op Europeeske Dei fan de Talen gie it dochs wer oer Frysk yn de rjochtbank 0
- ‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is 0
- Streektaalkonferinsje 2023 yn Frjentsjer 0
LONDEN – Staveringsflaters op harren websites kostje bedriuwen in soad jild. Dat seit de Britske ynternethannelder Charles Duncombe op basis fan in eksperimint mei syn website, dêr’t er frouljusklean op ferkeapet. Op guon dagen sette er in opfallende staveringsflater op ‘e site, op oare dagen joech de site alle teksten yn korrekt Ingelsk wer. De ferskillen yn ynkomsten wiene grut: de staveringsflater liet de ynkomsten mei 50% sakje.
Neffens Duncombe binne staveringsflaters funest foar it betrouwen fan potinsjele klanten. Minsken ferwachtsje dat in profesjonele organisaasje bysteat is om flaterfrije teksten te skriuwen. Rinne se tsjin flaters oan, dan klikke se fierder.
Wurkjouwersorganisaasje CBI stimt Duncombe mei. Britske wurkjouwers kleie al jierren oer it beroerde skriuwûnderwiis en de ekonomyske gefolgen dêrfan. Wurdfierder James Fothergill: “De situaasje yn it ûnderwiis is tige soarchlik. De oerheid moat foarrang jaan oan it ferbetterjen fan de rekken- en skriuwfeardigens op skoallen en universiteiten.”
Perfester William Dutton fan de universiteit fan Oxford, saakkundige op it mêd fan ynternetgebrûk, hat deselde ûnderfinings as Duncombe. Hy seit: “Op ynformele dielen fan ynternet, lykas Facebook, binne minsken oer it generaal frij tolerant as it giet om staverings- en taalflaters, mar op websiden en yn saaklike mails fan ûnbekenden twivelje minsken al gau oan de betrouberens fan de persoanen dy’t derefter sitte. Klanten dy’t skjin har nocht hawwe fan spam en ynternetmisbrûk, heakje ôf as se in wurd sjogge dat ferkeard skreaun is.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje