Soarchsektor omraak woeksen

july 18, 2011 16:10

DE HAACH – De wurkgelegenheid yn de Nederlânske soarch is de ôfrûne tsien jier eksplosyf tanommen. Trije fan ‘e fjouwer nije banen yn Nederlân ûntstiene yn de soarchsektor. Dat hat it CBS, it sintraal buro foar de statistyk, moandei te witten dien. Yn de soarch kamen der 385 tûzen banen by. Mei-inoar woeks it tal banen mei 515 tûzen. Oerheid en besibbe sektoaren woeksen mei 101 tûzen banen, de measten dêrfan yn it ûnderwiis. Yn de kommersjele sektor wie net folle groei, dêr kamen mar 30 tûzen banen by, wylst it fierhinne de grutste sektor is.

july 18, 2011 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.